Grêfrjocht
Foar it gebrûk fan in grêf betelje jo grêfrjocht. Jo kinne grêfrjocht oanfreegje, ferlinge, oerskriuwe of der ôfstân fan dwaan. De termyn fan it grêfrjocht giet yn op de dei dat jo in grêf tawiisd krije fan de gemeente.
Grêfrjocht oerskriuwe
It rjocht op in grêf kin oergean op in oare persoan. Dat kin yn 2 situaasjes:
• As de rjochthawwer dêr tastimming foar jout
• As de rjochthawwer ferstoarn is
It oerskriuwen fan grêfrjocht op in oare persoan is bedoeld om it grêf te behâlden. It kin ek sa wêze dat de nije rjochthawwer immen oars yn dat grêf begrave wol.
It grêfrjocht fan in partikulier grêf kin oergean op in natuerlike persoan of op in rjochtspersoan. Meastal is de nije rjochthawwer in erfgenamt of famyljelid fan de âlde rjochthawwer. Of fan dejinge dy’t yn it grêf begroeven leit.
As de âlde rjochthawwer noch libbet, moat dy persoan in hantekening sette foar it oerskriuwen. Dêrneist moat de behearder fan it begraafplak ynstimme mei de oerskriuwing.
Grêfrjocht ferlinge
Wolle jo it grêfrjocht ferlinge? Dan freegje jo dat oan fóár de eindatum. As wy jo adres hawwe, litte wy jo witte dat it grêfrjocht ôfrint. Dat berjocht krije jo minimaal 1 jier en maksimaal 2 jier foar de eindatum.
Jo binne meastal net ferplicht it grêfrjocht te ferlingen, mar soms wol. Bygelyks as jo immen begrave wolle yn in grêf dêr’t op dat momint minder as 15 jier grêfrjocht fan oer is.
Jo ferlinge it grêfrjocht fan in partikulier grêf mei minimaal 5 en maksimaal 20 jier.
Ofstân dwaan fan grêfrjocht
As jo it grêfrjocht net ferlinge, stoppet it automatysk op de eindatum. Jo kinne ek earder ôfstân dwaan fan it grêfrjocht. Jo ferlieze dan de rjochten dy’t jo op dat stuit hawwe op in grêf. Jo kieze sels fan hokker datum ôf jo ôfstân dogge fan it grêfrjocht.
Utjefte grêfrjocht
As jo fan de gemeente grêfrjocht krije, jildt dat foar minimaal 15 jier. Jo kinne ek kieze foar in langere perioade. Der is gjin maksimale perioade, mar grêfrjocht foar ûnbepaalde tiid is net mooglik.
Grêfrjochten ferfalle litte
De gemeente kin grêfrjochten ferfalle litte. Dat kin as de rjochthawwer fan in grêf ferstoarn is en it grêfrjocht net binnen 1 jier oerskreaun is. De gemeente kin grêfrjochten ek ferfalle litte as de rjochthawwer it grêf slim ferwaarleazget of net op ’e tiid betellet foar it grêfrjocht. Jo krije wol earst in warskôging. It grêfrjocht stoppet automatysk op de eindatum of earder, as de rjochthawwer ôfstân docht fan it grêfrjocht.
Kosten
Grêfrjochten per jier | Kosten |
---|---|
1e ôfdieling Noarderbegraafplak 1 djip | € 282,47 |
1e ôfdieling Noarderbegraafplak 2 djip | € 353,08 |
Oare begraafplakken en 2e ôfdieling Noarderbegraafplak 1 djip | € 141,23 |
Oare begraafplakken en 2e ôfdieling Noarderbegraafplak 2 djip | € 176,53 |
Bernegrêf 1 djip | € 70,61 |
Bernegrêf 2 djip | € 88,26 |
Urnegrêf | € 141,23 |
Urnenis | € 70,61 |
Oergongsregeling ferlinging 1e ôfdieling fêstige foar 1 jannewaris 2010 | € 179,87 |
Oergongsregeling ferlinging 1e ôfdieling fêstige foar 1 jannewaris 2010 2 djip | € 224,83 |
Opgraven, romjen en skodzjen | Kosten |
---|---|
Romjen fan in grêf of opgraven fan in yndividueel lyk | € 971,32 |
Romjen fan in bernegrêf of opgraven fan in yndividueel bernelyk | € 485,66 |
Opgraven fan in lyk binnen de termyn fan grêfrêst | € 1.942,64 |
Opgraven fan in bernelyk binnen de termyn fan grêfrêst | € 971,32 |
Opgraven fan jiskebussen út in grêf | € 278,53 |
Ferwiderjen fan jiskebussen út in urnenis | € 139,24 |
Op- en werbegraven fan jiskebussen út in grêf yn gefal fan in bysetting | € 278,53 |
Ferstrekking fan in bonkekistke | € 152,46 |
Ferstrekking fan in lykkiste | € 533,69 |
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).
- Feroarderingen gemeentlike begraafplakken
- Utfieringsbeslút gemeentlike begraafplakken
- Feroardering Begraafrjochten