Fluch oan:

Wichtich om te witten

Wêr en wannear

  • De oanjefte bart yn Ljouwert as de persoan hjir stoarn is.
  • Oanjefte fan ferstjerren moat binnen 6 dagen nei it ferstjerren dien wurde. Meastal docht de begraffenisûndernimmer dit.
  • Nei it opmeitsjen fan de dea-akte wurdt it ferstjerren registrearre yn de Basisregistraasje Persoanen fan de wengemeente.

Begraffenis of kremaasje

De begraffenis of kremaasje is meastentiids binnen 6 dagen nei it ferstjerren. Om immen begrave of kremearje te kinnen, hawwe jo in ‘ferlof ta begraven of kremearjen’ nedich. De gemeente dêr’t immen stoarn is, jout dy ôf.

Ferstjerren yn it bûtenlân

Is in ynwenner fan Ljouwert yn it bûtenlân stoarn? Dan moatte jo dit trochjaan oan de gemeente. Jo moatte in dea-akte ynleverje. De dea-akte moat legalisearre wêze. Is de akte opsteld yn in oare taal as it Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk of Frânsk? Dan moatte jo de akte oersette litte troch in beëdige oersetter.

Bysûndere registraasje fan ferstjerren

Yn it gefal fan in libbenleas berne berntsje kin in akte fan ferstjerren opmakke wurde.

Wat nimme jo mei nei de ôfspraak?

  • In jildich legitimaasjebewiis.
  • In doktersferklearring fan it ferstjerren.
  • B-slúf mei dêryn de gegevens oer de deadsoarsaak. Dy krije jo fan de dokter.

Digitale oanjefte fan ferstjerren foar útfeartûndernimmers

Ergenamteûndersyk oanfreegje

Nei it ferstjerren fan in famyljelid krije jo te meitsjen mei it erfrjocht. As net dúdlik is wa’t de erfgenamten binne, is erfgenamteûndersyk nedich. Hjirfoar wurdt bygelyks gebrûk makke fan de Basisregistraasje Persoanen (BRP) fan de gemeente. In notaris freget it erfgenamteûndersyk digitaal oan. Hjirfoar hat de notaris hat E-werkenning nedich mei op syn minst betrouberheidsnivo EH2+.

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje?

Stjoer in brief nei de gemeente Ljouwert oan de ôfdieling Boargersaken.

Kosten

  • Oanjefte dwaan fan ferstjerren is fergees.
  • Oanfreegjen fan in ergenamteûndersyk kostet € 25,80 per kertier. De notaris krijt in rekken tastjoerd.