Fluch oan:

Havens en plattegrûnen

Pikmarhaven

  • Plattegrûn Pikmarhaven (PDF, 1,43 MB)
  • De Pikmarhaven leit moai, mei oan de iene kant sicht op de Pikmar. Oan de oare kant sjogge jo de wyk Oosterveld. Dy wyk is beskerme doarpsgesicht.
  • Op de kop fan de stegers stiet de maksimale boksmaat op in boerd. Sa fine jo maklik in goed plak foar jo boat.
  • Yn it havengebou neist it Teehûs en it sylsintrum by steger H, fine jo wc’s en dûsen.
  • Jo kinne jo ôffal kwyt yn de konteners op ferskillende plakken yn en om de haven.
  • Jo smoarchwetter leegje jo by steger C.

De Hellingshaven

  • Plattegrûn Hellingshaven (PDF, 1,75 MB)
  • De Hellingshaven is in smûke, beskutte haven foar ûngefear 40 boaten mei in maksimale lingte fan 12 meter.
  • Yn de simmer binne der wc’s yn de Hellingshaven. Dûsen fine jo yn it havengebou of by de Muzykkoepel (yn de moannen juny, july en augustus) op it Halbertsmaplein.
  • De ôffalkontener stiet op in sintraal plak yn de Hellingshaven.
  • Jo smoarchwettertank leegje jo by de FRO-kade yn de Hellingshaven of by steger C yn de Pikmarhaven.

Nije Kade

  • Plattegrûn Nije Kade (PDF, 1,75 MB)
  • De Nije Kade is in moai oanlisplak, mei sicht op de Sint Pitertsjerke en de havenhúskes.
  • De wc’s fine jo by de Hellingshaven. Jo kinne ek nei de Muzykkoepel (yn de moannen juny, july en augustus) op it Halbertsmaplein. Dêr binne ek dûsen. Jo kinne ek de wc’s en dûsen yn it havengebou fan de Pikmarhaven brûke.
  • Op de steger stiet in ôffalkontener.
  • Jo smoarchwettertank leegje jo by de FRO-kade yn de Hellingshaven of by steger C yn de Pikmarhaven.

Suderkade

  • Plattegrûn Suderkade (PDF, 1,75 MB)
  • Oan de Suderkade hawwe jo in moai lisplak. Jo kinne kieze foar in lisplak yn de lingte fan de steger.
  • De wc’s fine jo by de Hellingshaven. Jo kinne ek nei de Muzykkoepel (yn de moannen juny, july en augustus) op it Halbertsmaplein. Dêr binne ek dûsen. Jo kinne ek de wc’s en dûsen yn it havengebou fan de Pikmarhaven brûke.
  • Efter de huzen oan de Suderkade stiet in ôffalkontener. Jo komme hjir fia it parkearplak tusken de beide huzeblokken.
  • Jo smoarchwettertank leegje jo by de FRO-kade yn de Hellingshaven of by steger C yn de Pikmarhaven.

Winterhaven

  • Sûnt 1 novimber 2024 binne de Pikmarhaven, de FRO Kade en de Hellingshaven ek iepene yn de winter.
  • De winterhaven is iepene fan 1 novimber oant en mei 31 maart.
  • Yn de wintermoannen is der sprake fan in redusearre taryf (50% fan it taryf fan 1 april oant en mei 31 oktober).
  • Yn de wintermoannen kinne jo gebrûk meitsje fan de foarsjenningen fan it havenkantoar (wc’s en dûsen).

Gegevens havenkantoar

Adres

Meersweg 9a
9001 BG Grou

Telefoannûmer havenmaster

06-53151298 (de havenmaster is telefoanysk berikber fna moandei oant en mei snein fan 08:30 oant 19:00 oere).

Iepeningstiden havenkantoar

  • 23 maart oant 1 juny fan 08:30 oant 19:00 oere.
  • 1 juny oant 1 septimber fan 08:30 oant 20:00 oere.
  • 1 septimber oant 1 novimber fan 08:30 oant 19:00 oere.
  • 1 novimber oant 1 april fan 08:30 oant 12:30 op moandei, woansdei en freed.

Beteljen havenjild, wettertoeristebelesting en foarsjennings

Havenjild en wettertoeristebelesting

Jo kinne jo melde op it havenkantoar. Jo kinne ek wachtsje oant de havenmaster by jo lânskomt. De havenmaster makket ferskate rûnten troch de haven en treft jo graach by jo boat.

Jo betelje mei pinpas, creditcard of mei de app foar mobyl bankieren op jo eigen telefoan. Jo kinne net mei kontakt jild betelje.

Nei it beteljen krije jo in bon mei alle wichtige gegevens. Dy bon pleatse jo op jo boat. Jo pleatse de bon op in plak dêr’t de havenmaster him sjen kin.

Yn de wintermoannen

Jo kinne fia in QR koade betelje yn de perioade fan 1 novimber oant 31 maart. Op moandei, woansdei en freed is de havenmaster moarns oanwêzich yn it havenkantoar.

Foarsjennings

Jo betelje net apart foar stroom, wetter en it gebrûken fan wc en dûsen. Fia it havenjild hawwe jo dêr al foar betelle. As it friest kinne jo gjin wetter brûke.

Jo kinne de dûs en wc brûke mei in tagongskoade dy’t jo fan de havenmaster krije. As jo fia de QR koade betelle hawwe, krije jo dizze tagongskoade per e-mail.

Kosten

Havens Grou Kosten
Havenjild (1 april – 31 oktober) € 1,66 de strekkende meter, per dei.
Havenjild (1 novimber – 31 maart) € 0,83 de strekkende meter, per dei.
Wetter en elektrisiteit Fergees
Waskmasine € 5,-
Drûger € 4,-

Wettertoeristebelesting

As jo yn de gemeente Ljouwert wenje, betelje jo gjin wettertoeristebelesting. Ek foar bern fan 5 jier of jonger betelje jo gjin wettertoeristebelesting. Mear ynformaasje fine jo op de side Wettertoeristebelesting.