Fluch oan:

Check sels online regelingen en taslaggen

Wolle jo mear witte oer gemeentlike regelingen of taslaggen, lykas hiertaslach of de Voedselbank? Doch in check fia de webside Dat geldt voor mij. Jo witte fuortdaliks wêr’t jo rjocht op hawwe en hoe’t jo dat oanfreegje kinne.

Gratis advyspetear

Wolle jo leaver mei-inoar sjen wat foar jo jildt? Freegje dan in gratis petear oan op de webside fan Dat Geldt voor Mij.

Check hoe jild-fit oft jo binne

Geldfit.nl jout gratis ynformaasje oer jild mei tips of in persoanlik advys. Mei de jildfit-test ûntdekke jo wat jo dwaan kinne yn jo situaasje. As blykt dat jo help brûke kinne, dan sjogge jo direkt hokker organisaasjes oft foar jo klear stean.

Leaver persoanlike help

Gean del by de buert- of doarpskeamer. Dêr helpe se jo graach mei al jo fragen oer jildsaken. In besite is fergees en jo meie immen meinimme as jo dat fijn fine. Kom rêstich lâns, mar check earst wol efkes de iepeningstiden.

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.