Lienbystân of te folle útkearing ûntfongen
Hawwe jo lienbystân of te folle útkearing ûntfongen? Dan moatte jo it bedrach werombetelje.
Kinne jo it bedrach yn 1 kear betelje?
Meitsje it dan oer op bankrekken NL78BNGH0285032771 fan de gemeente Ljouwert. Skriuw jo BSN en/of klantnûmer by ‘Omschrijving of Betalingskenmerk’.
Kinne jo it bedrach net yn 1 kear werombetelje?
Freegje dan in betellingsregeling oan. Ful hjirfoar it ‘Ynljochtingeformulier oangeande debiteuren’ yn. Wy ûndersykje mei dy ynformaasje hoefolle oft jo per moanne werombetelje kinne.
- Digitaal: Ful it digitale Ynljochtingeformulier oangeande debiteuren yn. Jo hawwe hjirfoar jo DigiD nedich.
- Skriftlik: Download it Ynljochtingeformulier oangeande debiteuren en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it formulier ek ynleverje op it gemeentehûs.
Wat as jo it bedrach net werombetelje?
Jo ûntfange dan in oanmoanning fan ús. Mochten jo binnen 14 dagen net betelje en/of gjin kontakt mei ús opnimme, dan stjoere wy jo in twangbefel. Mei dit twangbefel kinne wy beslach lizze op jo ynkommen. Oan it twangbefel binne kosten ferbûn, dy betelje jo sels. Nim dus op ’e tiid kontakt mei ús op foar it treffen fan in regeling.
Betelje jo nei ûntfangst fan in twangbefel it bedrach net werom?
Dan leit de gemeente beslach op jo ynkommen. In diel fan jo ynkommen giet direkt nei de gemeente. Beslach lizze op jo ynkommen kostet jild. Dy kosten betelje jo sels.
Wannear krije jo in weromfoardering?
- As jo te folle útkearing krigen hawwe om’t jo gjin, ferkearde of net genôch ynformaasje jûn hawwe.
- As jo earder in foarskot krigen hawwe. Omdat jo in bystânsútkearing oanfrege hawwe, mar dy net krigen hawwe.
- As jo troch in flater te folle bystânsútkearing krigen hawwe.
- As wy jo ynkomsten net ferrekkenje koenen mei jo útkearing.
- As jo in liening yn de foarm fan lienbystân krigen hawwe.
Foarkom beslach, nim kontakt mei ús op!
Hawwe jo in oanmoanning/twangbefel ûntfongen fan team Invordering? Nim dan sa gau mooglik kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Tegearre mei jo sjogge wy nei in oplossing. It is belangryk om yn kontakt te wêzen mei jo skuldeasker. It regeljen fan jo jildsaken jout rêst en foarkomt jildsoargen. Gean nei it filmke ‘Foarkom beslach op dyn uitkearing’ foar mear útlis.