Fluch oan:

Hast al ris neitocht oer selsstannich wenjen?

  • Wolst op keamers?
  • Hiere of keapje?
  • Sosjale hier of frije sektor?
  • Hast rjocht op hiertaslach?

Witst net hoe’tst dit oanpakke moatst? Brûk dan de checklist fan Digidingen-desk dêr’t presys yn sjen kinst watst regelje moatst. Tip: download de checklist en printsje him út.

Goed om te witten

Feroaret der wat yn dyn wensituaasje? Dan kinst dat trochjaan fia de webside fan de Belestingtsjinst. Mear ynformaasje oer ferplichte en handige fersekeringen fynst op de webside Wijzer in geldzaken.

Foar tips oer fêste útjeften dêr’tst mei te meitsjen krijst ast op dysels wenjen giest, advisearje wy te sjen op de side fan it Nibud.

Fragen of help nedich?

Gean lâns by de Buert– of doarpskeamer by dy yn de buert. Of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.