Ik wol werom nei skoalle: wat moat ik regelje en wêr ha ik rjocht op?
Wolst wer nei skoalle. Hokker oplieding kiest, hoe wurket it mei oanmelden en hoe regelest de stúdzjefinansiering? Wy helpe jongerein, sûnder in HAVU- of MBU2-diploma, graach op wei.
Hokker stúdzje/oplieding past by my?
It Trochstreampunt kin hjir by ûndersteune. Sy kinne dy helpe in oplieding te kiezen dy’t by dy past. Check hjirfoar de webside fan it Trochstreampunt.
Wat binne de earste stappen?
- Kies in oplieding: sjoch hjirfoar op de webside fan Studiekeuze123.
- Meld dy oan, check de webside fan de Rijksoverheid.
- Freegje stúdzjefinansiering/OV-chipkaart oan. Dit kin fia DUO.
- Op hokker fergoedingen hast noch mear rjocht? Check hjirfoar de webside fan Dat geldt voor mij.
Goed om te witten
- Op de side fan de Ryksoerheid kinst in persoanlik oersicht meitsje en sa ûntdekke watst regelje moatst en wêr’tst rjocht op hast.
- Foar tips oer de kosten dêr’tst mei te meitsjen krijst advisearje wy te sjen op de side fan it Nibud.
Fragen of help nedich?
Gean lâns by de Buert– of doarpskeamer by dy yn de buert. Of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: