Fluch oan:

Wat moat ik regelje?

Ast 18 wurdt binne der in oantal dingen dy’t wichtich wêze om foar dysels te regeljen:

En mear…

Wolst presys witte wêr’tst rjocht op hast, mar ek watst ferplicht bist om te regeljen? Ful dan de fragelist fan de Ryksoerheid yn. Sa komst mear te witten.

Kontrolearje wêr’tst rjocht op hast

Doch de check fia de webside datgeldtvoormij om te sjen op hokker regelingen en taslaggen oftst rjocht hast.

Takomstplan? Dat is handich!

It kin bêst folle wêze, al dy regelsaken. Hoe doch ik dat? Wa kin my helpe? Wannear moat ik dit dwaan? It takomstplan kin dy hjirby helpe. It is handich om dy yn te fullen tegearre mei ien dy’t dy goed ken. Dan hast in moai oersjoch en witst presys watst dwaan moatst en op hokker wize.

Do wurdst 18: wat betsjut dit foar dyn âlders/fersoargers?

Sa gau’tst 18 wurdst feroaret der in soad foar dy. Mar ek foar dyn âlders/fersoargers. It is belangryk dat sy ek witte wêr’tst no sels rjocht op hast en watst sels regelje moatst. Op de webside fan it Nibud kinne dyn âlders/fersoargers mear ynformaasje fine.

Fragen of help nedich?

Gean lâns by de Buert- of doarpskeamer by dy yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.