Fluch oan:

Takomstplan meitsje

Hast alris neitocht oer dyn takomst?

  • Wat wolst berikke?
  • Wat wolst leare?
  • Wat wolst witte?
  • Wat wolst regelje?

Wy hawwe in Takomstplan foar dy makke om dy te helpen hjir oer nei te tinken. Ek kinst sjen wêr’tst rjocht op hast fia de Foarsjenningewizer op de webside Datgeldtvoormij.

Wat moat(te) dyn âlder(s) witte en regelje?

Foar âlden is it ek belangryk om te witten dat bepaalde ferantwurdlikheden ferskowe nei harren bern. Fan dan ôf is de 18-jierrige finansjeel selsstannich. Wol bliuwe âlden oant harren bern 21 jier is ferantwurdlik foar ûnderdak, klean, iten, skoalle en medyske help.

Mear ynformaasje fynst op de webside fan it Nibud.

Fragen of help nedich?

Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by dy yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.