Jongeren Perspectief Fonds (JPF)
Yn it Jongeren Perspectief Fonds (JPF) wurket de gemeente Ljouwert gear mei jonge minsken dy’t troch skulden yn ’e problemen kommen binne. Jonge minsken tusken de 18 en 27 jier, dy’t sels harren jildproblemen net oplosse kinne, wurde holpen.
Hoe wurket it JPF?
Tegearre mei in begelieder fan de gemeente Ljouwert giest oan de slach mei dyn takomstdoelen. Twa jier lang. In takomstdoel is bygelyks in maatskiplike staazje, diploma of baan. Yn ruil foar dyn ynset, losse wy dyn skulden ôf.
Wannear kinst meidwaan?
- Bist tusken de 18 en 27 jier
- Wennest yn de gemeente Ljouwert.
- Do tinkst datst net binnen 3 jier út de skulden komme kinst.
- Do kinst en wolst wurkje oan dyn takomstdoelen.
Hast skulden en wolst dy oanmelde?
Kinst dy opjaan foar in yntakepetear Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei jpf@leeuwarden.nl.
Hast dy oanmelden. En no?
Stap 1
Nei dyn oanmelding krijst in petear mei 1 fan de begelieders. Jim sjogge tegearre oft dit projekt by jo past.
Stap 2
As jim beslute datst meidochst, meitsje jim ôfspraken mei elkoar. Dy ôfspraken komme yn dyn takomstplan en yn in oerienkomst.
Stap 3
Dêrnei sjogge wy hoefolle skulden oftst krekt hast en by wa. De gemeente en De Kredietbank gean mei-elkoar oan ’e slach om dyn skulden ôf te lossen.
Stap 4
No’t de skulden fuort binne, kinne wy wurkje oan dyn takomst. Dit dochst 2 jier lang, tegearre mei dyn begelieder.
Mear ynformaasje?
Mear ynformaasje fynst op de webside Jongeren Persfectief Fonds.