Fluch oan:

Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Untheffing slutingstiid en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wannear freegje jo in ûntheffing oan?

Hoarekabedriuwen binne ferdield yn ferskillende gebieten. Oan elk gebiet binne iepeningstiden en slutingstiden keppele. Hoarekabedriuwen bûten dizze gebieten falle automatysk yn Gebiet 3.

Plattegrûn slutingstiden Ljouwert (PDF, 7.53 MB)

Plattegrûn slutingstiden Grou (PDF, 2.22 MB)

Hoarekabedriuwen yn Gebiet 1: gewoane slutingstiid is 05:00 oere

Jo meie in ûntheffing oanfreegje foar frije slutingstiden. Der moat dan fan 03:00 oere ôf in sertifisearre portier oanwêzich wêze.

Hoarekabedriuwen yn Gebiet 2: gewoane slutingstiid is 03:00 oere

Jo meie 6 kear yn it jier in ûntheffing oanfreegje. Jo krije allinnich in ûntheffing foar in bysûnder en tydlik barren, dat bûten de gewoane bedriuwsfiering falt. En dêr’t in lettere slutingstiid needsaaklik by is.

Hoarekabedriuwen yn Gebiet 3: gewoane slutingstiid is 01:00 oere

Jo meie 6 kear yn it jier in ûntheffing oanfreegje foar maksimaal in oere. Dat betsjut dat jo net om 01:00 oere slute, mar om 02:00 oere.

Op de folgjende dagen mei jo hoarekabedriuw oant 02:00 oere iepen wêze. Jo hawwe hjir gjin ûnheffing foar nedich.

  • Nijjiersnacht
  • beide Peaskenachten
  • de nacht nei Keningsdei
  • de nacht nei 5 maaie (Befrijingsdei)
  • beide Pinksternachten
  • beide Krystnachten
  • Aldjiersnacht

Kafees en diskoteken yn de doarpen

Jo kinne in ûntheffing foar in tal feestdagen oanfreegje. Mei dizze ûntheffing meie jo oant 05:00 oere iepen bliuwe. Nei 3:00 oere meie jo der gjin nije gasten mear yn litte. It giet om de folgjende feestdagen:

  • beide Peaskenachten
  • de nacht fóár Keningsdei
  • de nacht nei 5 maaie (Befrijingsdei)
  • de nacht foar en nei Himelfeartsdei
  • beide Pinksternachten
  • beide Krystnachten
  • Aldjiersnacht

Kosten

€ 35,70.