Wet Befoardering yntegriteitsbeoardieling iepenbier bestjoer (Wet Bibob)
De Wet Bibob soarget derfoar dat de gemeente kriminele aktiviteiten of it wytwaskjen fan jild net mooglik makket. Dêrom wurdt der soms in Bibob-ûndersyk dien. Dit bart by aktiviteiten dêr’t mear kâns is op kriminaliteit. Mei dit ûndersyk sjocht de gemeente oft immen te fertrouwen is en net meidocht oan kriminele aktiviteiten.
Wannear in Bibob-ûndersyk?
De gemeente mei allinnich in Bibob-ûndersyk dwaan by de folgjende aktiviteiten:
- Aktiviteiten dêr’t in fergunning/ûntheffing foar nedich is.
- Aktiviteiten dêr’t in subsydzje foar oanfrege wurdt.
- Opdrachten foar de oerheid (oerheidsopdrachten).
- Fêstgoedtransaksjes, lykas ûnder oare it keapjen of ferkeapjen fan gebouwen of grûn fan de gemeente.
Frageformulier Wet Bibob ynfolje
It Bibob-ûndersyk start mei it ynfoljen fan it Bibob-frageformulier. As in Bibob-ûndersyk needsaaklik is, krije jo dit formulier by jo oanfraachformulier of krekt dêrnei. By opdrachten fan de oerheid en it keapjen of ferkeapjen fan gebouwen of grûn folget dit al út de betingsten. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wat bart der mei it Frageformulier Wet Bibob?
Mei de gegevens dy’t jo ynfolje op it frageformulier, docht de gemeente in yntegriteitsûndersyk nei jo bedriuw en de minsken dy’t dêr by hearre. Blykt út dat ûndersyk dat jo de fergunning, subsydzje of opdracht miskien brûke sille foar kriminele aktiviteiten? Dan kinne ekstra betingsten jilde of de fergunning, subsydzje of opdracht wurdt wegere.
Advys freegje
Ek kinne wy advys freegje fan it Landelijk Bureau Bibob. Dat betsjut dat jo 8 oant 12 wiken langer wachtsje moatte op jo fergunning.
Binne der gjin twivels (mear) oar de yntegriteit fan de ûndernimmer of oare minsken dy’t by it bedriuw hearre? Dan kin de fergunning, subsydzje of opdracht ferliend wurde of trochgean.
Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s
De folgjende wet fine jo op de websideOverheid.nl (nasjonaal):
- Wet Befoardering yntegriteitsbeoardieling troch iepenbier bestjoer.
De folgjende regeljouwing fine jo op de websideOverheid.nl (nasjonaal):
- Beliedsregel foar de Wet Bibob gemeente Ljouwert.