Kliïntûndersteuning Wmo en Jeugdhelp
Fine jo it dreech om sels te fertellen hokker help jo nedich hawwe? Of wêrom’t jo net tefreden binne mei de help dy’t jo krije? Hawwe jo in klacht? Dan is it fijn as jo immen hawwe dy’t jo hjirby helpe kin of mei jo mei giet nei in petear. Dy persoan neame wy in kliïntûndersteuner. Dat kin immen út jo eigen omjouwing, in frijwilliger, in sosjaal wurker of in ûnôfhinklik kliïntûndersteuner wêze.
Immen út jo eigen omjouwing
Jo kinne altyd immen freegje dy’t jo kenne. Bygelyks immen út jo famylje, in freon, freondinne of goede buorman of buorfrou. Dy persoan mei mei jo mei nei in petear mei in sosjaal wurker of konsulint Wmo of Jeugdhelp fan de gemeente. Ek kin dy persoan jo helpe by it yntsjinjen fan in klacht of beswier.
In frijwilliger
Jo kinne help krije fan in frijwilliger fan it Buertservicepunt. De frijwilliger helpt en advisearret by fragen oer wenjen, wurk en ûndersteuning. Ek helpt de frijwilliger jo yn it kontakt mei organisaasjes of de gemeente. Wolle jo gebrûk meitsje fan in frijwilliger? Nim kontakt om mei in Buert- of doarpskeamer by jo yn de buert.
In sosjaal wurker
Jo kinne help krije fan in sosjaal wurker fan it wykteam of doarpeteam by jo yn ’e buert. De sosjaal wurker helpe jo troch hokker help it bêste by jo past. Dêrfoar wurkje se ek gear mei frijwilligers en oare organisaasjes. Nim kontakt op mei in wykteam of doarpeteam fan Amaryllis.
In ûnôfhinklik kliïntûndersteuner (OCO)
Jo kinne help krije fan immen fan Jeugdstem, Cliënt & Co of MEE Noord. Sy tinke mei jo mei oer hokker help by jo fraach past. Of helpe jo as jo net tefreden binne oer de help of stipe dy’t jo krije. Sy helpe ek by klachten oer jo soarchoanbieder of de gemeente. Dy ûndersteuning is fergees.
Kontaktgegevens Jeugdstem
- Telefoannûmer: 088 555 1000
- Webside: Jeugdstem
Kontaktgegevens Cliënt&Co
- Telefoannûmer: 085-4004994
- E-mail: info@clientenco.nl
- Webside: Cliënt&Co
Kontaktgegevens MEE Noord
- Telefoannûmer: 088-0231100
- E-mail: aanmeldpunt@meenoord.nl
- Webside: MEE Noord
Klacht yntsjinje of beswier meitsje
Mear ynformaasje fine jo op de pagina Melding wen-, wurk- en leefomjouwing (kopke ‘Klacht yntsjinje’) of op de pagina Beswierskrift yntsjinje.