Help by opgroeien en/of opfieden
Hawwe jo fragen of help nedich by it opgroeien of it opfieden fan jo bern?
Ik ha fragen oer opgroeien en opfieden
Hawwe jo fragen oer bygelyks min sliepen, it ytgedrach fan pjutten, pesten op skoalle, it mediawiis meitsjen fan jo bern, omgean mei in echtskieding of dreech gedrach fan pubers? Stel jo fraach oan it ‘Opvoedpunt Leeuwarden’.
Hjir wurkje pedagogen dy’t jo fragen beäntwurdzje kinne of meitinke kinne by help by it opfieden.
Ik wol graach help by it opgroeien en/of opfieden
Gean nei de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Jo meitsje hjirfoar in ôfspraak. Hjir binne frijwilligers en beropskrêften fan Amaryllis oanwêzich. Sy sjogge mei jo hokker help jo nedich hawwe.
It blykt dat ik mear spesjalistyske Jeugdhelp nedich ha
De sosjaal wurker fan Amaryllis ferwiist jo troch nei it Jeugdekspertteam fan de gemeente Ljouwert. Sy hawwe in oersicht fan de Jeugdhelp dy’t troch de gemeente ynkocht is. Dy ynkochte Jeugdhelp neame wy ek wol ‘Soarch yn Natura’. Dat betsjut dat de gemeente de oanfraach foar dy Jeugdhelp en de administrative saken foar jo regelet.
Wat is it Jeugdekspertteam?
De gemeente Ljouwert hat in Jeugdekspertteam. Dat team bestiet út Jeugdkonsulinten. Sy wurkje gear mei oare ynstânsjes. Sy soargje derfoar dat goeie Jeugdhelp ynset wurdt.
Spoed
Libbensbedriigjende situaasje?
- Belje 112.
Húslik geweld of bernemishanneling of fermoedens dêrfan?
- Belje ‘Veilig Thuis’ op 0800-2000.
- Mear ynformaasje fine jo op de website fan ‘Veilig Thuis Friesland’.
Mei spoed Jeugdhelp nedich?
- Belje ‘Spoed4Jeugd’ op 0800-7763345. Sy binne dei en nacht berikber.
- Mear ynformaasje fine jo op de website fan ‘Spoed4Jeugd’.
- ‘Spoed4Jeugd’ biedt yn Fryslân spoedeaskjende (jeugd)help yn krisissituaasjes. Feroarsake troch gedrachsproblemen, opfiedproblemen, gesinsproblemen of psychyske problemen.
Mear ynformaasje?
Mear ynformaasje oer Jeugdhelp fine jo op de pagina Jeugdhelp.