Ekstra jild by parttime wurk en útkearing
Ynwenners dy’t wurkje neist harren útkearing wurde beleanne troch de gemeente. Jo ûntfange fan ús ekstra jild as jo parttime wurkje of wurkjen gean. Jo ûntfange it jild yn de foarm fan in preemje. Dy preemje hoege jo net sels oan te freegjen. Jo ûntfange dy automatysk as jo jo ynkomsten út wurk oan ús trochjouwe. De preemje hat gjin ynfloed op taslaggen lykas hier- en soarchtaslach.
Preemje parttimewurk
Hoe heech is de preemje?
De hichte fan jo preemje is 25% fan wat jo mei jo parttime wurk fertsjinne hawwe. Der is wol in maksimum oan ferbûn. Dizze preemje is mei yngong fan 1 jannewaris 2023 ferhege fan 8% nei 25% (oant it wetlik maksimum). Elk jier op 1 jannewaris en 1 july feroaret dit bedrach. Der mei maksimaal twa jier efterinoar gebrûk makke wurde fan dizze preemje.
Oer de perioade dat jo in fergoeding krigen hawwe foar jo frijwilligerswurk, ûntfange jo gjin preemje. De hichte fan jo totale preemje kin hjirtroch dus feroarje.
Meitsje jo gebrûk fan ynkomstefrijlitting, dan wurdt dy frijlitting oanfolle mei in preemje fan maksimaal 25% foar de perioade fan maksimaal 2 jier.
Jou jo ynkommen oan ús troch
Jo kinne de preemje foar parttime wurkjen automatysk ûntfange as jo jo ynkommen oan ús trochjouwe. Hoe’t jo dat dogge, lêze jo op de pagina Ik ha in bystânsútkearing en krij ynkomsten.
Betingsten
- Jo binne 27 jier of âlder, of
- Jo binne jonger as 27 jier, en hearre ta de doelgroep leankostesubsydzje.
En:
- Jo wurkje parttime en ûntfange in bystânsútkearing.
- Jo ynkommen is by ús bekend.
Wannear ûntfange jo de preemje?
De preemje wurdt elk healjier berekkene. Dat is fan jannewaris oant en mei juny en fan july oant en mei desimber. Wy betelje de preemje automatysk út as alle ynkomsten oer dat healjier by ús bekend binne.
Ynkomstefrijlitting
As jo troch jo wurk binnen 6 moanne út de útkearing kinne, dan kinne jo mooglik in ynkomstefrijlitting krije. By in ynkomstefrijlitting meie jo in part fan jo ynkomsten hâlde.
Om ynkomstefrijlitting krije te kinnen sjocht jo situaasje der sa út:
- jo wurkje parttime.
- jo ûntfange in oanfoljende útkearing (Partisipaasjewet, IOAW of IOAZ) en;
- jo kinne in ferklearring fan jo wurkjouwer sjen litte dêr’t út bliken docht dat jo troch dat wurk binnen 6 moanne út de útkearing gean
Hokker soarten ynkomstefrijlitting binne der?
- Algemiene ynkomstefrijlitting:
- De betingst foar dizze frijlitting is dat jo 27 jier of âlder binne.
- Dizze ynkomstefrijlitting duorret maksimaal 6 moannen.
- Ynkomstefrijlitting foar allinnichsteande âlders:
- De betingsten foar dizze frijlitting binne dat jo:
- 27 jier of âlder binne.
- Allinnichsteande âlder binne.
- De algemiene ynkomstefrijlitting al hân hawwe.

Jo hawwe maksimaal 30 moannen lang rjocht op dizze frijlitting.
- Ynkomstefrijlitting foar minsken mei in medyske oerenbeheining:

- In dokumint fan it UWV hawwe dêr’t yn stiet dat it UWV fêststeld hat dat jo in medyske oerenbeheining hawwe.
- De ‘algemiene ynkomstefrijlitting’ en de ‘ynkomstefrijlitting allinnichsteande âlder’ net foar jo jilde.

It bruto ynkommen wurdt heger troch de ynkomstefrijlitting
Meitsje jo gebrûk fan 1 fan dizze ynkomstefrijlittingen? Dan wurdt jo bruto jierynkommen heger. Dat kin gefolgen ha foar bygelyks de hiertaslach of soarchtaslach. Dy kosten wurde net fergoede troch de gemeente.
Mear ynformaasje?
Wolle jo mear ynformaasje, help of ekstra jild oanfreegje?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wolle jo witte op hokker regelingen en taslaggen oft jo rjocht hawwe?
Doch de check fia de webside datgeldtvoormij.