Ekstra jild foar folwoeksenen foar sport en kultuer
Yn de gemeente Ljouwert wolle wy graach dat alle ynwenners meidwaan kinne oan sportive en kulturele aktiviteiten. Dêrom binne wy oansletten by it Volwassenenfonds Sport & Cultuur.
Hoe wurket it?
Fia dit fûns betellet de gemeente kosten foar kontribúsje, in abonnemint en/of materiaal dat nedich is foar folwoeksenen dy’t min rûnkomme kinne. Hjirmei wolle wy alle folwoeksenen de kâns jaan mei te dwaan oan sport- en kultueraktiviteiten. It giet om ynwenners mei in leech ynkommen. Gean foar mear ynformaasje ek nei it kopke ‘Betingsten fergoeding’ op dizze side.
Tuskenpersoan
Elke ynwenner fan de gemeente Ljouwert dy’t yn oanmerking komme wol foar in fergoeding fia it fûns, kin kontakt opnimme mei in tuskenpersoan. In tuskenpersoan wurdt ek wol in yntermediêr neamd. Fia de webside fan Volwassenenfonds Sport & Cultuur is te sjen hokker yntermediêrs jo yn de gemeente Ljouwert benaderje kinne. Dit kin bygelyks in skuldhelpferliener, buertsportcoach of sosjaal wurker wêze. Jo kinne sels immen útkieze.
Oanmelden en beteljen
Stappeplan
- De tuskenpersoan besprekt jo finansjele situaasje mei jo.
- De tuskenpersoan meldt de oanfraach oan by it Volwassenenfonds Sport & Cultuur.
- It Volwassenenfonds nimt kontakt op mei de sport- of kultuerferiening.
- It Volwassenenfonds fersoarget jo oanmelding en de betelling fan jo kontribúsje of lidmaatskip.
Sa kinne jo sûnder soargen meidwaan oan sport en/of kultuer. Oare dielnimmers witte net dat jo gebrûk meitsje fan dit fûns.
Filmke
Wolle jo witte hoe’t jo gebrûk meitsje kinne fan it Volwassenenfonds Sport & Cultuur? Gean nei it filmke ‘Hoe wurket it Volwassenenfonds Sport & Cultuur?’.
Hoe heech is de fergoeding?
Jo kinne maksimaal € 300,- yn it jier krije. Eventuele ekstra kosten moatte jo sels betelje.
Betingsten fergoeding
As jo ynkommen leger is as de bedraggen yn de tabel, komme jo yn oanmerking foar in fergoeding fia it Volwassenenfonds Sport & Cultuur. Dit binne bedraggen nei’t de belesting derôf helle is en sûnder fakânsjejild.
Is jo ynkommen heger, mar hawwe jo muoite om rûn te kommen, nim dan kontakt op mei ien fan de tuskenpersoanen. Miskien komme jo dochs yn oanmerking foar it Volwassenenfonds.
Leeftyd/situaasje | Allinnichsteande (âlder) | Troud/tegearre wenjend |
---|---|---|
18-20 jier, thúswenjend | € 368,26 per moanne | € 736,52 per moanne |
18-20 jier útwenjend | € 1.491,64 per moanne | € 2.130,90 per moanne |
21 jier oant AOW-leeftiid | € 1.491,64 per moanne | € 2.130,90 per moanne |
AOW-leeftiid | € 1.660,82 per moanne | € 2.253,38 per moanne |
Ferbliuw yn in ynrjochting | € 520,19 per moanne | € 842,98 per moanne |
Regelingen foar jeugd en studinten
Jeugdfûns
Foar jeugd ûnder de 18 jier wurkje wy gear mei it Jeugdfonds Sport & Cultuur. Sjoch foar mear ynformaasje hjiroer op de webside Jeugdfonds Sport & Cultuur. In oanfraach hjirfoar wurket itselde as by it Volwassenenfonds Sport & Cultuur. Hjirtroch hoopje wy dat jongeren ek as se folwoeksen binne, trochgean mei de aktiviteiten.
Studintesportpas
Foar studinten dy’t sporte wolle hat de gemeente Ljouwert in oare regeling. Ynwenners fan de gemeente dy’t studint binne (MBU, HBU of WU) kinne fia in sportpas foar legere kosten (maksimaal € 95,- per jier) meidwaan oan in breed oanbod oan sport.
Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Leeuwarden Student Sport.
Help nedich by Jildsaken en Skulden?
Mear ynformaasje of binne jo benijd nei de spulregels?
Gean nei de webside fan Volwassenenfonds Sport & Cultuur.
Fragen of help nedich?
Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?