Fluch oan:

Leech ynkommen, hege enerzjyrekkening?

It Needfûns sjocht nei hoe heech oft de rekkening foar gas, waarmte en elektrisiteit is. En nei it ynkommen fan de folwoeksen persoanen yn in húshâlden. As it ferskil te grut is, ferleget de enerzjyleveransier in diel fan de enerzjyrekkening foar 6 moannen.

Betingsten

  • Jo húshâlden hat in ynkommen fan maksimaal 200% fan it sosjaal minimum. Dat betsjut dat it bruto-ynkommen per moanne leger is as €3.200,- (allinnichsteand) of €4.480,- (tegearrewenjend). Dat is mei 8% fakânsjejild.
  • Jo húshâlden hat in enerzjykontrakt foar gas, stroom of stedswaarmte op namme fan in persoan út it húshâlden.
  • De enerzjykosten fan jo enerzjyleveransier binne heger as 8% oant 10% fan it bruto ynkommen per moanne.

Mear ynformaasje?

Gean ienfâldich nei oft jo rjocht hawwe op tydlike stipe. Sjoch foar mear ynformaasje de website fan Needfûns Enerzjy.

Enerzjytaslach fan gemeente Ljouwert

Hawwe jo muoite mei it beteljen fan jo enerzjyrekkening? Miskien hawwe jo (ek) rjocht op de enerzjytaslach fan de gemeente. Gean nei de pagina Enerzjytaslach foar 2023 oanfreegje foar mear ynformaasje.