Bioferskaat
By bioferskaat kinne jo tinke oan alle planten, bisten en mikro-organismen dy’t mei-inoar in sûn ekosysteem foarmje. Wrâldwiid giet it net goed mei it bioferskaat: in soad plante- en bistesoarten ferdwine of gean efterút. De gemeente Ljouwert wol it bioferskaat yn 2035 wer tanimme litte. Hoe? Dat lêze jo yn it beliedskader bioferskaat.
De 6 doelstellingen
Om it bioferskaat yn 2035 tanimme te litten, binne 6 doelstellingen formulearre. Yn it beliedskader stiet yn haadlinen hoe’t wy hjiroan wurkje sille. It giet om de folgjende doelstellingen:
- Wy fergrutsje de soarterykdom en ferminderje de kwetsberens fan (Fryske) populaasjes.
- Wy nimme boaiem, wetter en bioferskaat as útgongspunt by it ynrjochtsjen en behearen fan de leefomjouwing.
- Wy wolle besteande grienblauwe struktueren werstelle, fersterkje en útwreidzje.
- Wy stribje nei in takomstbestindich fiedselsysteem sûnder negative effekten foar de kwaliteit fan loft, boaiem en wetter.
- Wy sette yn op bioferskaatswerstel by it útjaan en bestimmen fan grûnen.
- Wy stimulearje posityf kontakt tusken de mins en de natuer.
Beliedskader Bioferskaat
It Beliedskader Bioferskaat is 4 desimber 2024 troch de gemeenteried fêststeld.
Planning
No’t it beliedskader fêststeld is, wurket de gemeente oan twa útfieringsprogramma’s:
- Utfieringsprogramma Bioferskaat.
- Utfieringsprogramma Fergriening.
Hjiryn wurde konkrete projekten foar de kommende twa jier útwurke om it bioferskaat te werstellen.
Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s
De folgjende beliedsnota fine jo op de webside Bestjoerlike ynformaasje:
- Beliedskader Bioferskaat.
Fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.