Fluch oan:

Hoe wurket it?

Mei in weardebon fan maksimaal € 730,00 ferfange jo in âlde kuolkast, kuolfrieskombinaasje, waskmasine of drûger troch in enerzjysuniger apparaat. Ek komt der in enerzjycoach by jo lâns. Sa ferbrûke jo minder enerzjy en hawwe jo in legere enerzjyrekken. Foar dizze subsydzje is yn totaal € 1.687.500 beskikber. Der wurdt subsydzje ferliend salang’t der noch budzjet beskikber is.

Betingsten

  • Jo hawwe enerzjytaslach fan de gemeente Ljouwert oanfrege en ûntfongen. Dit mei ek in ûngefear deselde enerzjytaslach wêze, bygelyks enerzjytaslach fan in oare gemeente of fan DUO.
    • Hawwe jo de enerzjytaslach wól oanfrege mar net krigen? Dan komme jo net yn oanmerking.
  • Hawwe jo de enerzjytaslach net oanfrege of oanfreegje kinnen, dan jildt it folgjende:
    • Hawwe jo in ynkommen fan minder as 150% fan it Sosjaal Minimum? Dan komme jo mooglik ek yn oanmerking. Dit is bygelyks as jo sûnt koart yn de bysân sitte.
    • De grinzen fan 150% fan it Sosjaal Minimum 2023 binne:
      • Allinnichsteand jierynkommen: minder as € 25.350,- bruto yn it jier. Dit is € 2.113,- bruto yn ’e moanne.
      • Troud/tegearre wenjend jierynkommen: minder as € 35.908,- bruto yn it jier. Dit is € 2.993,- bruto yn ’e moanne.
    • Jo litte jo ynkommen sjen oan de enerzjycoach as dy lânskomt foar it enerzjycoachpetear.
  • Jo wenje yn in wenning mei in leech enerzjylabel: B, C, D, E, F, of G. Op de webside fan energielabel.nl kinst opsykje hokker label dyn hûs hat.
    • As der gjin enerzjylabel bekend is, sjogge jo hoe âld oft de wenning is. De wenning moat boud wêze foar 2002.
  • It âlde apparaat is 10 jier of âlder. Of it âlde apparaat hat enerzjylabel B, C of D neffens it âlde enerzjylabelsysteem. Jo ruilje jo âlde apparaat yn.
  • Jo kinne kieze foar in tafelmodel kuolkast, tafelmodel friezer, hegere kuolkast of kuol-frieskombinaasje, waskmasine of waarmtepompdrûger.
  • Jo kinne per adres ien kear gebrûk meitsje fan dizze subsydzje. Hawwe jo al in kear wytguod krigen? Dan krije jo net noch in apparaat.
  • As jo dizze subsydzje oanfreegje, komt der in Enerzjycoach by jo lâns om te sjen wêr’t jo noch mear op besparje kinne yn jo wenning. Dat advys is foar jo fergees.

Hoe oanfreegje?

  • Meitsje in ôfspraak mei de Enerzjycoach foar in advyspetear. Dat kin op trije manieren:
  • De Enerzjycoach komt by jo thús lâns, en sjocht mei jo oft jo foldogge oan de betingsten. As dat sa is, nimt hy/sy de oanfraach mei jo troch. Jo krije dan fan de Enerzjycoach in weardebon.
  • Mei de weardebon sykje jo yn ’e winkel in sunige kuolkast út mei in wearde fan € 730,00. Moat in kuolkast mei A label besparje jo de measte enerzjy. It mei allinnich in enerzjysunich apparaat wêze mei minimaal enerzjylabel D. By in hegere kuolkast mei it enerzjylabel ek E wêze.
  • Wolle jo in djoerder apparaat? Dan moatte jo it ferskil yn priis sels yn ’e winkel bybetelje.
  • Jo leverje de weardebon yn by de winkel en regelje mei de meiwurker it besoargjen.
  • De besoarchtsjinst besoarget it nije apparaat en nimt it âlde apparaat fuortdaliks mei. De besoarchkosten fan € 20,00 binne foar jo fergees.
  • In oantal apparaten binne finansiere troch de Europeeske Uny – Interreg. Dêrom binne dy apparaten foarsjoen fan in EU-stikker.

By hokker winkels kinne jo de weardebon ynleverje?

  • TDC Dé Witgoed Specialist, Foarstreek 52-54, 8911JR Ljouwert.
  • W.A.S Dé Witgoed Specialist, Swettestrjitte 9, 8912 AH Ljouwert.
  • Expert Tromp, Skrâns 104, 8932 NH Ljouwert.
  • Mediamarkt Leeuwarden, Plein de Sintrale 12, 8924 CZ Ljouwert.
  • Haijma Dé Witgoed Specialist, Langebuorren 16, 9051 BG Stiens.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling Wytguodwiksel gemeente Ljouwert