Fluch oan:

Hoe wurket it?

Wolle jo in oanfraach yntsjinje? Nim kontakt mei ús op foar in ynformearjend petear. Wy planne dan in ôfspraak mei jo yn. Yn dit petear krije jo mear ynformaasje oer de subsydzje en de dokuminten dy’t jo ynleverje. Jo krije ek it oanfraachformulier, dat jo op dat stuit of nei ôfrin fan de ôfspraak yntsjinje kinne.

Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach?

De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:

  • It petearferslach fan de meiwurker fan de gemeente Ljouwert.
  • In nij úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel.
  • Statuten fan jo organisaasje.
  • Plan fan oanpak mei in omskriuwing fan de aktiviteiten.
  • Begrutting fan it projekt.

Betingsten

  • Jim binne in groep frijwilligers út in stifting, koöperaasje, feriening of tsjerkegenoatskip.
  • Jim hawwe in petear hân mei in meiwurker fan de gemeente Ljouwert oer it fixteam dêr’t it plan fan oanpak by besprutsen is.
  • Jim kinne foar minimaal 20 en maksimaal 200 wenningen subsydzje oanfreegje.

Hichte subsydzje

  • € 50,- per wenning dêr’t enerzjybesparjende maatregels dien wurde.
  • Mooglik ek € 60,- per wenning foar de materiaalkosten. Wêr’t dit fan ôfhinget, wurdt mei jim besprutsen yn it petear mei in meiwurker fan de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling Fixteams enerzjyearmoed gemeente Ljouwert.

Mear ynformaasje

Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert. Foar fragen en mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente Ljouwert.