Fluch oan:

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije?

  • Gevelisolaasje
  • Flierisolaasje
  • Boaiemisolaasje
  • Souder/flieringisolaasje
  • Dakisolaasje fan binnenút of fan in plat dak
  • Dakisolaasje fan bûtenôf
  • HR++-glês/HR++ tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar

Jo kinne al subsydzje krije foar 1 isolaasjemaatregel. De isolaasjemaatregels moatte dien wêze nei 1 jannewaris 2024. De wurksumheden moatte klear wêze foar 31 desimber 2026.

Ekstra betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje

Dit komt omt wy bisten, bygelyks flearmuzen, dy’t yn jo hûs libje, beskerme wolle by it isolearjen. De ekstra betingsten binne:

  • It is wichtich dat jo kieze moatte foar in isolaasjebedriuw dat wurket neffens de metoade ‘Natuurvriendelijk insoleren’. Der is in list makke mei gaadlike bedriuwen. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside Natuurvriendelijk isoleren.
  • It isolaasjebedriuw folget de natuerkalinder. Jo kinne de maatregels net elke moanne útfiere litte. Jo fine de natuerkalinder ek op de webside Natuurvriendelijk isoleren.
  • Jo wenning moat earst natuerfrij makke wurde. De bisten moatte earst feilich fuortkomme kinne foardat it isolearjen begjint. Dit docht it isolaasjebedriuw.
  • Foar dizze maatregels jildt dat der per kalinderjier per buert mar in beskaat tal huzen isolearre wurde mei. It isolaasjebedriuw wit hokker buerten al ‘fol’ sitte.
  • Jo moatte wenje yn in wenning mei in terras of tún. In appartemint mei bygelyks net.

Dit is in tydlike wurkwize. Wy wurkje oan in plan om derfoar te soargjen dat ferduorsumjen en beskermjen fan bisten lykop geane.

Betingsten subsydzje

  • Jo binne eigener fan de wenning yn de gemeente Ljouwert en bewenje dy.
  • Jo wenning hat enerzjylabel D, E, F of G. Of jo wenning hat minimaal 2 boudielen dy’t net of min isolearre binne: de flier en boaiem, de gevel (dêrûnder spoumuorre), it dak en de solder/flieringflier, de ruten en doarren.
  • Is de WOZ-wearde leger as of gelyk oan € 268.000,-?
  • Jo kinne per adres/húshalding 1 kear gebrûk meitsje fan dizze subsydzje.

Betingsten isolaasjemaatregels

De isolaasjemaatregels dy’t jo útfiere of útfiere litte, moatte oan in oantal betingsten foldwaan. Foar alle maatregels jildt dat it materiaal op de meldkoadelist fan de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO) stean moat. Jo fine dizze meldkoadelisten op de webside fan de RVO. Dit giet om normale wenningen. Foar monuminten sjoch de bylage fan de subsydzjeregeling op de webside fan Overheid.nl (lokaal).

Dakisolaasje of souder- of flieringisolaasje (mei meldkoade)

  • Minimaal 20 kante meter fan it besteande dak wurdt isolearre. Of as de souder of fliering net ferwaarme is, wurdt op syn minst 20 kante meter fan it oerflak fan de besteande souder- of flieringflier isolearre.

Gevelisolaasje (mei meldkoade)

  • Op syn minst 10 kante meter fan it besteande oerflak fan de binnen- of bûtengevel wurdt isolearre.

HR++-glês/HR++ tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar (mei meldkoade)

  • Minimaal 8 kante meter fan it besteande oerflak wurdt ferfongen. Foar monuminten jildt in minimum oerflak fan 3 kante meter.

Flier- of boaiemisolaasje (mei meldkoade)

  • Op syn minst 20 kante meter fan it oerflak fan de besteande flier of de besteande boaiem wurdt isolearre.

Hichte subsydzje

Jo kinne maksimaal € 2.150 oan subsydzje oanfreegje. Foar in monumint is dit maksimaal € 2.500.
Kostje de útfierde maatregels mei-inoar minder as dit bedrach? Dan kinne jo maksimaal it totaalbedrach fan de maatregels oanfreegje. As jo biobased isolaasjemateriaal brûke, dan kinne jo de subsydzje mei 10 prosint ferheegje oant in maksimum fan € 200,-.  Dit jildt foar normale en monumintale wenningen.

Wolle jo noch mear oan jo wenning dwaan en hawwe jo in leech ynkommen? De gemeente Ljouwert hat noch in subsydzje.

  • Subsydzje Friese Plus troch de provinsje Fryslân
    Ynwenners mei in leech ynkommen kinne ekstra jild krije fan de provinsje Fryslân om harren hûs te isolearjen. Dit ekstra jild hjit de ‘Friese Plus’. Dizze subsydzje jildt allinnich as jo ek de gemeentlike subsydzje isolaasje eigen wenning krigen hawwe. De subsydzje is foar deselde maatregels en komt boppe op de gemeentlike subsydzje as de kosten fan de maatregels heger binne. Jo kinne maksimaal € 2.500 per húshâlding krije. De Friese Plus is net foar minsken dy’t sels klusse. Duurzaam Bouwloket fiert dizze subsydzje Friese Plus út yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Op de webswide duurzaambouwloket fine jo mear ynformaasje oer dizze aksje en de betingsten.
  • Subsydzje enerzjybesparjende wenningmaatregels
    Dizze Subsydzje enerzjy besparjende wenningmaatregels hat as ekstra betingst dat jo in leech ynkommen hawwe (net heger as € 48.625 yn it jier). Mooglik kinne jo fan beide subsydzjes gebrûk meitsje, sadat jo noch mear oan jo wenning ferduorsumje kinne.

Wat is in leech ynkommen foar de Friese Plus?

  • Foar in allinnichsteande: minder as € 25.350 bruto yn it jier (ynkommen yn 2023).
  • Foar in troud/tegearre wenjend stel: tegearre minder as € 35.908 bruto yn it jier (ynkommen yn 2023).

Hoe freegje jo de Friese Plus oan?

  1. Freegje earst de subsydzje ‘Isolaasje eigen wenning’ oan by de gemeente.
  2. De Friese Plus is foar deselde isolaasjemaatregels as dêr’t jo de subsydzje ‘Isolaasje eigen wenning’ foar krigen hawwe. Jo kinne de Friese Plus net letter foar oare maatregels oanfreegje.
  3. As jo mear as € 2.150 útjouwe oan isolaasje, dan kinne jo ek de Friese Plus oanfreegje.
  4. Wolle jo subsydzje oanfreegje? Gean nei de webside fan duurzaambouwloket.

Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach?

De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:

  • In offerte mei jo namme, adres en wenplak derop.
  • In omskriuwing fan alle isolaasjemaatregels (en fentilaasjemaatregels) dy’t dien wurde.
    • De namme fan it (isolaasje)materiaal dat brûkt wurdt.
    • It oantal kante meter per maatregel dat isolearre wurdt.
    • De meldkoade fan it brûkte materiaal. As dit net bekend is: alle isolaasjewearden fan de brûkte materialen.

Binne jo fan doel it ferduorsumjen sels te dwaan? Dan leverje jo yn:

  • In plan mei de wurksumheden dy’t jo útfiere sille.
  • In omskriuwing fan alle isolaasjemaatregels (en fentilaasjemaatregels) dy’t dien wurde.
    • De namme fan it (isolaasje)materiaal dat brûkt wurdt.
    • It oantal kante meter per maatregel dat isolearre wurdt.
    • De meldkoade fan it brûkte materiaal. As dit net bekend is: alle isolaasjewearden fan de brûkte materialen.
  • In oersicht mei de ferwachte kosten.
    • Jo kinne allinnich subsydzje krije foar de kosten fan de materialen, net foar jo eigen oeren.

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling Isolaasje Eigen Wenning en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat te dwaan as de isolearjende maatregels útfierd binne?

Jo stjoere it deklaraasjeformulier dat jo krigen hawwe nei jo oanfraach werom en jo dogge de faktueren derby. Dit moat binnen 4 wike nei ûntfangst fan de faktueren fan de isolaasjemaatregels.

Hawwe jo sels jo wenning ferduorsume? Dan dogge jo ek de faktuer (kassabon) of oerienkomst fan de kochte materialen derby. Hjirop steane jo namme, adres en wenplak.

Fragen of mear ynformaasje?

Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert. Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling isolaasje eigen wenning gemeente Ljouwert.