Subsydzje ferduorsuming eigen wenning Ljouwert East
Wenje jo yn in min isolearre wenning mei in lege WOZ-wearde? Dan komme jo mooglik yn oanmerking foar in subsydzje foar it isolearje litten fan jo ruten, muorren, dak en flier. Dizze regeling jildt foar de wiken Bilgaard, Frijheidswyk, Ald-East en Heechterp-Skieringen.
Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling ferduorsuming bedriuwen yn monuminten en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wêrfoar kinne jo subsydzje krije?
- gevelisolaasje
- spoumuorre-isolaasje
- dakisolaasje, solder- of flieringisolaasje
- flierisolaasje of boaiemisolaasje
- HR++-glês/tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar mei kezyn
- enerzjysunige fentilaasjemaatregel (allinnich yn kombinaasje mei in oare maatregel)
Foar dizze subsydzje hawwe jo in isolaasjeplan nedich. Jo kinne subsydzje krije foar de isolaasjemaatregels dy’t stean yn dit isolaasjeplan. Foar it isolaasjeplan gean jo nei de webside Leeuwarden helpt verduurzamen.
Ekstra betingsten dakisolaasje en spoumuorre-isolaasje
Dakisolaasje en spoumuorre-isolaasje moatte natuerfreonlik dien wurde. Der kinne bygelyks flearmûzen yn jo muorre libje. Dy wolle wy beskermje by it isolearjen. De ekstra betingsten binne:
- Jo kieze foar in isolaasjebedriuw dat wurket neffens de metoade ‘Natuurvriendelijk insoleren’.
- Sjoch foar de bedriuwen en mear ynformaasje oer dit ûnderwerp op de webside Natuurvriendelijk Isoleren.
Betingsten subsydzje
- Jo wenje yn 1 fan de folgjende wiken:
- Bilgaad, jo postkoade begjint mei 8918.
- Ald-East: jo postkoade begjint mei 8921 of 8922.
- Frijheidswyk: jo postkoade begjint mei 8923.
- Heechterp en Skieringen: jo postkoade begjint mei 8924.
- De WOZ-wearde fan jo eigen wenning is € 170.000,- of leger (peildatum 1-1-2020).
Jo kontrolearje de WOZ-wearde fan jo wenning op de webside WOZ-waardeloket. - As de wenning ûnderdiel is fan in rychje fan op syn minst 3 wenningen, kin de WOZ-wearde soms maksimaal € 190.000,- wêze op peildatum 1-1-2020. Nim yn dat gefal kontakt op mei de gemeente oer de regels.
- It enerzjylabel fan jo wenning is C/D/E/F of G. Of jo wenning hat gjin enerzjylabel. Hat jo wenning fêststeld enerzjylabel A of B? Dan komme jo net foar dizze subsydzje yn oanmerking. Jo kontrolearje it enerzjylabel op de webside EP-online.
- Jo litte de maatregels útfiere troch in bedriuw neffens it ferplichte isolaasjeplan.
- Jo fiere minimaal 2 maatregels út it ferplichte isolaasjeplan út. Dit moatte de 2 maatregels wêze dy’t as earste neamd wurde.
- Der is noch net earder gebrûkmakke fan dizze subsydzje of de subsydzjepilot ferduorsuming Ljouwert East foar dizze wenning. Dit jildt ek as in eardere bewenner al gebrûk makke hat fan dizze subsydzje.
- De isolaasjemaatregels moatte noch útfierd wurde of binne dien néí 1 jannewaris 2024.
- Jo binne eigener en bewenner fan de wenning. As jo partikuliere ferhierder binne is der Subsydzje ferduorsuming hierwenningen Ljouwert East.
Hichte subsydzje
De subsydzje is maksimaal € 12.000,-. Freegje jo ferskillende subsydzjes oan wêrtroch’t it totaal oan subsydzjes heger is as de kosten? Dan krije jo op syn meast it totaalbedrach fan de maatregels fergoede.
Mear isolaasjesubsydzjes
Foar it isolearjen fan wenningen binne mear subsydzjes beskikber. Mooglik kinne jo fan meardere subsydzjes gebrûkmeitsje. Jo meie se byinoar optelle.
Subsydzjeregeling isolaasje eigen wenning
It subsydzjebedrach is maksimaal € 2.150,-. In betingst is dat de wenning in WOZ-wearde hat fan € 350.000,- of leger mei peildatum 1-1-2022. De wenning moat in enerzjylabel D/E/F/G of fergelykber hawwe. De wenning hat dan 2 min isolearre boudielen. Boudielen binne bygelyks de ruten, de flier of boaiem, de muorren of it dak, solder, fliering. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Subsydzje isolaasje eigen wenning.
Subsydzje enerzjybesparjende wenningmaatregels
It subsydzjebedrach is maksimaal € 2.500,-. In betingst is dat de wenning in WOZ-wearde hat fan € 268.000,- of leger mei peildatum 1-1-2022. Jo belestber gesinsynkommen moat leger wêze as € 48.625 per jier. De wenning moat in enerzjylabel D/E/F/G of fergelykber hawwe. De wenning hat dan 2 min isolearre boudielen. Boudielen binne de ruten, de flier of boaiem, de muorren of it dak, solder, fliering. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Subsydzje enerzjybesparjende wenningmaatregels.
Wat te dwaan as de isolearjende maatregels útfierd binne?
By it krijen fan de subsydzje krije jo in formulier om kosten werom te freegjen. Ful it formulier yn, stjoer it op en doch de faktueren derby. De faktueren foar de isolaasje meie net âlder wêze as 4 wiken.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing fine jo op de websideOverheid.nl:
- Subsydzjeregeling Ferduorsuming Ljouwert East.
Fragen of mear ynformaasje
Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert. Foar oare fragen en mear ynformaasje, nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.