Fluch oan:

3 haadopjeften

It Beliedsramt Wetter bringt ferskate wettertema’s gear yn ien beliedsdokumint. Sadat we dêrmei ek dúdlik meitsje wat de rol en doelen fan de gemeente Ljouwert binne as it oer wetter giet. Mei 3 haadopjeften en dêrby de wichtichste tema’s, wurdt dúdlik wêr’t de gemeente de kommende jierren it ferskil meitsje wol.

Haadopjefte 1. Us basis takomstbestindich op oarder

Dit hâldt yn dat we oan ús gemeentlike soarchplichten foldogge, ûnder oare op it mêd fan grûnwetter, wetteroerlêst en riolearring.

Haadopjefte 2. Yn it twadde plak wolle wy it wetter brûke foar in sûne en duorsume leefomjouwing foar alle ynwenners fan de gemeente Ljouwert.

Dat betsjut dat wy aktyf sjogge hoe’t wetter in gruttere rol spylje kin yn ús doelen op it mêd fan sûnens, leefberens en frije tiid.

Haadopjefte 3. Yn it tredde plak hat wetter ek wearde.

Dit betsjut dat wetter brûkt wurde kin om der jild oan te fertsjinjen, bygelyks troch wetterrekreaasje.

Planning

  • De gemeente sammelet dêrnei alle reaksjes en reagearret dêrop yn in dokumint. Dat dokumint hjit in sjenswizenota.
  • It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders stjoert it Beliedskader Wetter mei de sjenswizenota dêrnei nei de Gemeenteried.
  • De Gemeenteried kin alle reaksjes meinimme en nimt dan in beslút oer it beliedskader.
  • Wy ferwachtsje dat dit yn 2024 bart. Ynwenners kinne dan ek noch har miening jaan troch yn te sprekken by de Gemeenteried.

Fragen?

Stjoer in e-mail nei duurzaamheid@leeuwarden.nl of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.