Fluch oan:

Wat meie wy fan jo ferwachtsje?

Respekt

  • Wy geane respektfol mei elkoar om.
  • Wy geane respektfol om mei gemeentlik en oarmans besit.
  • Jou ús meiwurkers de romte om harren wurk te dwaan.

Oanwizings

  • Alle oanwizings fan meiwurkers en befeiligingsmeiwurkers, dy’t te krijen hawwe mei de húsregels, moatte direkt opfolge wurde.

Hinderlik hâlden en dragen

  • Skellen, flybjen, diskriminearjende taal, razen, bedrigingen of fysyk geweld akseptearje wy net.
  • Jo binne oare klanten of besikers net ta lêst.

Wapens

  • It is ferbean slachwapens, fjoerwapens of stekwapens by jo te hawwen.

Smoken, alkohol en drugs

  • Yn it gebou meie jo net smoke, alkohol en/of drugs brûke, of ûnder ynfloed dêrfan wêze.

Skates en boards

  • Jo meie it gebou net yn mei (roller)skates, autopet of oare ferfiersmiddels. Dêrmei wolle wy ûngelokken tefoaren komme. In útsûndering is it gebrûk fan in rolstoel.

Bisten

  • Húsdieren meie net mei nei binnen. Dêrmei komme wy tefoaren dat oaren lêst hawwe. In útsûndering is in helphûn.

Lûds- en filmopnames

  • De gemeente Ljouwert stiet it meitsjen fan in lûdsopname ta. Utsein as der wichtige redenen binne dat net te dwaan. Yn dat gefal wurdt der socht nei in oare oplossing.
  • Foar it petear kinne jo dúdlik meitsje dat jo in lûdsopname meitsje wolle. Mar dat hoecht net.
  • As jo in lûdsopname meitsje, kin de gemeente Ljouwert foar har eigen administraasje sels ek in lûdsopname fan it petear meitsje.
  • Jo bewurkje de lûdsopname net.
  • Sawol jo as de gemeente Ljouwert jouwe lûds- of filmopnamen net sûnder tastimming fan de oare partij oan oare organisaasjes of persoanen, of meitsje dy iepenbier.
  • Wol immen fan de gemeente fan in petear mei jo in lûdsopname meitsje? Dat bart allinnich as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo ûntfange dan in kopy fan de lûdsopname.
  • Jo meie net sûnder tastimming in meiwurker fan de gemeente Ljouwert filmje.
  • Sawol jo as de gemeente Ljouwert jouwe lûds- of filmopnamen net sûndertastimming fan de oare partij oan tredden, of meitsje dy iepenbier.
  • Wol immen fan de gemeente fan in petear mei jo in lûdsopname meitsje? Dat bart allinnich as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo ûntfange dan in kopy fan de lûdsopname.
  • Jo meie net sûnder tastimming in meiwurker fan de gemeente Ljouwert filmje.