Atelier Stedsboumaster
Enerzjytransysje, klimaatferoaring, wenningbou: ús leefomjouwing sil der hiel oars útsjen. Mar hoe sjogge Ljouwert, de doarpen en it lânskip der yn 2050 út? Wêr wolle wy hinne? Wat moatte wy no dwaan om út te kommen dêr’t wy skielk wêze wolle? It Atelier Stedsboumaster giet hjirmei oan de slach. Hjoed bouwe wy de skiednis fan de takomst!
Atelier Stedsboumaster, wat is dat?
It Atelier Stedsboumaster is it plak dêr’t wy de kommende tiid útwikselje, meitinke en inoar ynspirearje. Wy meitsje kânsen en mooglikheden sichtber en besprekke dy mei-inoar. Wy organisearje geregeld aktiviteiten, lykas ekskurzjes en debatten, en wy nûgje ynspirearjende sprekkers út.
Atelier Aginda 2023-2026
De kommende trije jier gripe wy oan om mei ûntwerpend ûndersyk takomstsenario’s út te tinken oer hoe’t wy tûker mei ús romte yn de gemeente Ljouwert omgean kinne. Op wat foar soart stêd, doarp of lânskip sette wy yn en wat is dêrfoar nedich? En wat moatte wy foaral sa litte, wat moatte wy beskermje?
9 ateliers, 9 tema’s
Wy wurkje neffens de Atelier Aginda. Dy aginda bestiet út 9 ateliers en 9 tema’s. Per atelier beljochtsje wy ien tema. De 9 tema’s binne de tema’s dy’t by de iepening fan it Atelier Stedsboumaster presintearre binne, oanskerpe troch de ynbring fan de besikers en in groep profesjonals dy’t mei ús meitinkt oer it atelier. Wy koerse op 3 ateliers per jier: 1 yn it foarjier, 1 yn de simmer en 1 yn it neijier. En by elk atelier beneame wy in ‘ateliermaster’, in spesjalist út de fakwrâld dy’t foar dat oanbelangjende atelier as gastkurator fungearret. Fansels organisearje wy no en dan ek ‘losse’ aktiviteiten, wannear’t de aktualiteit dêr om freget. Besjoch de Atelier Aginda 2023-2026 mei de misje, tema’s en de rûge planning foar de kommende trije jier.
Wat is der de ôfrûne tiid bard?
Iepening nij ûnderkommen woansdei 10 july 2024
Wethâlder Hein de Haan iepene woansdei 10 july it nije ûnderkommen fan Atelier Stedsboumaster yn Obe mei de eksposysje De Kompakte Stêd yn 2050. De Kompakte Stêd yn 2050 is it ûnderwerp fan it twadde altelier mei GEAR as ateliermaster. De arsjitekten fan GEAR presintearren by de iepening in nij groeimodel foar Ljouwert.
Atelier op tongersdei 14 desimber 2023
Op 14 desimber 2023 wie it earste Atelier Stedsboumaster. Op de aginda stie it earste tema, ‘Binnenstêd as ferlingde húskeamer’. Wy zoomden yn op in boeiend fergrieningskonsept en it eigentiidske karakter fan de binnenstêd, mei ferrassende struktueren en opbou yn fergeliking mei oare stêden yn Nederlân.
Tentoanstelling oant en mei freed 14 july 2023
De makettes fan it Ministerie van Maak en it ynteraktive takomstperspektyf fan stêdeboukundich supervisor Loes Oudenaarde wiene oant en mei 14 july 2023 te besjen by de tentoanstelling fan Atelier Stedsboumaster yn Stedsskouboarch De Harmonie. Elkenien koe fergees nei dizze tentoanstelling fan tiisdei oant en mei freed tusken 12:00 en 17:00 oere .
Mobiliteitskafee tiisdei 27 juny 2023
De gemeente Ljouwert organisearre ûnder it Atelier Stedsboumaster in Mobiliteitskafee oer de takomst fan ferkear en ferfier yn de gemeente. De gemeente makket dit jier nammentlik in nij beliedskader mobiliteit. Yn dit plan stiet hoe’t wy de kommende jierren omgean wolle mei ferkear en ferfier yn ús gemeente en wat dêr allegear by sjen komt. Mear witte? Gean nei de pagina mobiliteit.
Iepen hûs op freed 23 en sneon 24 juny 2023
Op freed 23 en sneon 24 juny wie der in Iepen Hûs yn de Stedsskouboarch De Harmonie. Jo koene komme te sjen en meitinke oer de takomst fan de stêd Ljouwert, de omlizzende doarpen en it lânskip. By dit Iepen Hûs makke de stêdeboukundich supervisor fan de gemeente, Loes Oudenaarde, in ynteraktyf takomstperspektyf mei bylden fan de mooglike takomst fan de gemeente Ljouwert. Yn gearwurking mei it Ministerie van Maak! wienen der ek 10 makettes te sjen fan ferskillende ûntwerpburo’s dy’t ideeën presinstearren foar it bouwen fan 10 x 10.000 wenningen yn de trije noardlike provinsjes dy’t klear binne foar de takomst.
Ateliers
Atelier 1 De binnenstêd as felingde húskeamer
Yn it earste atelier ûndersochten wy ‘De histoaryske binnenstêd’. Dêr’t yn ’e binnenstêd eartiids foaral wurke en winkele waard, komme der hieltyd mear minsken te wenjen. Wy rjochtsje ús yn dit atelier op hoe’t de binnenstêd yn 2050 as in ferlingde húskeamer wurket. Hoe moetsje jo inoar en binne dêr mooglikheden foar? En hoe soargje wy foar in sûne omjouwing, foar mins en bist?
Gearfetting, presintaasjes en ûndersiken
Alles wat der yn dit atelier ûndersocht, ûntwurpen en besprutsen is ha wy gearfette en fertaald yn ’e ‘Binnenstêd as ferlingde húskeamer, learde lessen fan Atelier #1. Ek binne de presintaasjes en ûndersiken taheakke.
- Binnenstêd as ferlingde húskeamer (Learde lessen Atelier #1).
- Binnenstêd fergelike mei oare binnenstêden (Nathan Kooistra).
- Binnenstêd Ljouwert wurkboek (Minke van Aspeteren)
- Wat as de stêd fan my is? (Fardau Nijboer).
- Grienfyzje Binnenstêd Ljouwert (Maike van Stiphout).
- Griene húskeamers yn ’e binnenstêd (NHL Stenden).
- Moetsje yn de publike romte (Gerben Helleman).
Atelier 2 De kompakte stêd
Op 10 july 2024 presintearre GEAR hoe’t Ljouwert op wei nei 2050 in stêd wêze kin dêr’tst tichtby wenje, wurkje en rekreëarje kinst. Sy betochten om nije strjitten dwers troch de stêd te lizzen, sadat wiken mei-inoar ferbûn wurde fan binnenstêd oant bûtengebiet en oarsom. Lykas de speaken fan in tsjil.
Tûke groei
Lâns dizze strjitten kin de stêd feroarje neffens GEAR. Bedriuweterreinen wurde wenwurksônes, op gebouwen mei ien laach wurde apparteminten boud en parken oan de strjitten wurde ferbûn troch grien. Sa groeit Ljouwert tûk op it mêd fan wenjen, wurkjen en ferbliuwen. Mear ynformaasje fine jo yn it wurkboek ‘De kompakte stêd.’
Bliuw op ’e hichte!
Wolle jo op ’e hichte bliuwe fan Atelier Stedsboumaster? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief.
- Nijsbrief Atelier Stedsboumaster juny 2024
- Nijsbrief Atelier Stedsboumaster novimber 2023
- Utnûging Atelier Stedsboumaster 28 juny 2024
- Utnûging iepening Obe Atelier Stedsboumaster
- Utnûging meetup 1 Atelier Stedsboumaster
- Utnûging Atelier Stedsboumaster 21 juny 2024
- Nijsbrief Atelier Stedsboumaster septimber 2024
Hawwe jo fragen?
Stjoer dan in e-mail nei stadsbouwmeester@leeuwarden.nl.