Fluch oan:

Wat wolle wy berikke?

Ljouwert wol in plak wêze dêr’tsto as jongere dy thús fielst, dysels wêze kinst en dreamen wiermeitsje kinst. Wy wolle dyn stim noch better hearre yn ús gemeente, dy meitinke litte en gelikense kânsen jaan. Dêrneist wolle wy it Europeeske karakter yn Ljouwert en Fryslân noch mear sjen litte.

Wêrom wolle wy dit?

Yn Ljouwert sjogge wy graach nei de krêft fan minsken en posityf nei de takomst. Mar it is net altyd maklik om yn dizze tiid op te groeien. Dêrom wolle wy dy folop belûke yn de (takomst)plannen fan ús gemeente. Mei-inoar kinne wy folle mear berikke.

Wat biedt EYC dy?

As European Youth Capital krijst in poadium om dyn ideeën foar Ljouwert ta libben te bringen. Hjirmei wolle wy dy noch mear in plak biede dêr’tst dy thús fielst en dêr’t dyn ideeën heard wurde. It lit sjen dat ús gemeente fan alle merken thús is.

Hoe meidwaan?

Ideeën foar Ljouwert as European Youth Capital 2028? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. As jongere ynwenner fan gemeente Ljouwert, mar ek as organisaasje dy’t in soad mei jongerein wurket, belûke wy dy graach by dit aventoer. Mear ynformaasje fynst ek op de webside Leeuwarden for European Youth Capital 2028?