Per- en polyfluoralkylstoffen (PFAS)
PFAS is no, neist stikstof, in wichtich ûnderwerp yn Nederlân. PFAS is in groep fan gemikaliën dy’t unike wetter- en smoargensôfstjittende eigenskippen hawwe. PFAS wurde op grutte skaal makke en komme foar yn in soad gewoane produkten fanwegen dy nuttige eigenskippen. Op dizze side lêze jo ynformaasje oer PFAS en de oanpak yn de gemeente Ljouwert.
Advys oer de Jelsumer en Lytse Feart
Wetterskip Fryslân hat yn it wetter fan de Jelsumer Feart tusken de fleanbasis fan Ljouwert en de Dokkumer Ie in te hege konsintraasje PFAS metten. Hjir kamen sy achter by it plannen fan baggerwurksumheden. Yn it foar mjitte sy ek altyd hoe’t de kwaliteit fan de wetterboaiem is. Nei ferfolchûndersyk blykt dat der ek tefolle PFOS yn it wetter fan de Lytse Feart sit.
It advys fan de GGD Fryslân is dêrom om út foarsoarch it wetter út de Jelsumer Feart en de Lytse Feart de kommende tiid net te brûken:
- Drink gjin wetter út de Jelsumer en Lytse Feart.
- Brûk it wetter út de Jelsumer Feart en de Lytse Feart net foar it besproeien fan grientetunen.
- Swim net yn de Jelsumer en Lytse Feart.
- Yt gjin fisk út de Jelsumer en Lytse Feart.
Dit advys jildt foar minsken en foar bisten en húsdieren. Foar dizze advizen sjocht de GGD nei langduorjend gebrûk fan it wetter. Hawwe jo bygelyks ien kear yn it wetter swommen? Dan is it ekstra sûnensrisiko troch PFAS út de Jelsumer Feart tige lyts.
Op it stuit is noch ûnfoldwaande dúdlik wat de sûnensrisiko’s krekt binne. Of der echt sûnensrisiko’s binne, hinget fan in soad saken ôf. Ek is neffens de GGD fierder ûndersyk nedich nei de fersprieding.
Advys hinne-aaien
Koartlyn is konstatearre dat (hobby)hinnen dy’t earder wetter dronken hawwe út de Jelsumer Feart en/of Lytse Feart aaien lein hawwe mei hege konsintraasjes PFOS (PFAS). It advys fan de GGD is dêrom: lit jo bisten/húsdieren gjin wetter drinke út dizze fearten en yt gjin aaien fan (hobby)hinnen rûnom de Jelsumer Feart of Lytse Feart. De gemeente lit yn gearwurking mei de GGD aaien út it gebiet ûndersykje. Dit ûndersyk rint noch.
De gemeente hat in ferkennend ûndersyk dien nei boaiem en grûnwetter
De gemeente hat om de Jelsumer Feart en de Lytse Feart hinne op in pear lokaasjes út foarsoarch de boaiem en it grûnwetter ûndersykje litten, om te sjen oft der ek PFOS yn de grûn sit. Sa kinne wy mei-inoar ynwenners en gebrûkers better ynformearje en advisearje. Dat bart op de perselen dy’t op de kaart Undersykslokaasjes boaiemûndersyk steane.
Dit binne lokaasjes dy’t wy ûndersykje op advys fan de GGD en lokaasjes dy’t troch bewenners oandroegen binne. De ûndersiken wienen yn maart en april en de resultaten binne dêrnei analisearre.
Eigeners en gebrûkers fan de ûndersochte lokaasjes binne ynformearre oer de resultaten fan it ûndersyk. Hast alle ûndersochte lokaasjes binne geskikt wêr’t se no foar brûkt wurde. De boaiem en it grûnwetter fan alle ûndersochte grientetún- en folkstúnkompleksen binne geskikt om te brûken.
Simmerûnderhâld Jelsumer Feart en omkriten
Yn it gebiet dêr’t de Jelsumer Feart en de Lytse Feart lizze, is ûnderhâld fan de haadwettergongen nedich. Sa soargje wy foar in goede oan- en ôffier fan wetter. Underhâld is ek nedich om in part fan de Jelsumer Feart en Lytse Feart tagonklik te hâlden foar lytse boatsjes. By it ûnderhâld helje wy it tefolle oan wetterplanten út de fearten en sleatten. Wetterskip Fryslân en de gemeente Ljouwert dogge it simmerûnderhâld tegearre.
It ûnderhâld dogge we ekstra soarchfâldich en oars as oars, want it oerflaktewetter en de wetterboaiem is fersmoarge mei PFAS. We brûke nammentlik allinnich in saneamde meansammelboat. Dêrmei grûnje wy folle minder om yn de fersmoarge wetterboaiem as bygelyks by hekkeljen. It meansel (de meande wetterplanten) komt net op de wetterkant te lizzen. Dat fiere wy streekrjocht fia it wetter ôf nei in erkende lokaasje dêr’t it ferwurke wurde mei.
Yn it neijier is ek ûnderhâld nedich yn oare wetters yn it gebiet. Dêrfoar wurkje wy oan in maatwurkoplossing, krekt as wy foar it simmerûnderhâld dien hawwe.
Fragen en nijs ûntfange oer de Jelsumer en Lytse Feart?
- Op de webside fan Wetterskip Fryslân stiet alle ynformaasje en it lêste nijs. Hjir kinne jo jo ek oanmelde foar digitale nijsupdates. Ek fine jo hjir in list mei fragen en antwurden. Stiet jo fraach dêr net by? Nim dan kontakt op mei Wetterskip Fryslân. Dat kin fia telefoannûmer 058 292 22 22. Jo kinne ek maile nei info@wetterskipfryslan.nl.
- Hawwe jo fragen oer sûnens mei PFAS? Nim gerêst kontakt op mei de GGD Fryslân fia telefoannûmer 088 229 92 22 (op wurkdagen tusken 08:30 en 16:30 oere berikber). In mail stjoere nei milieuengezondheid@ggdfryslan.nl kin ek.
Faakstelde fragen ûndersiken Jelsumer en Lytse Feart
Wat hat de gemeente ûndersocht yn de omjouwing fan de Jelsumer en Lytse Feart?
De gemeente woe ûndersykje oft de fersmoarging fan it oerflaktewetter út de Jelsumer Feart en Lytse Feart ynfloed hat op de oangrinzjende lânboaiem (grûn en grûnwetter). Yn maart en april fan 2024 binne op ferskillende lokaasjes yn de omjouwing fan de Jelsumer Feart en Lytse Feart troch yngenieursburo’s meunsters fan de grûn en it grûnwetter nommen. Foar it ûndersykjen en útlizzen krijt de gemeente advys fan ferskillende eksperts (bygelyks yngenieursburo’s, GGD Fryslân en oare oerheden).
Hokker lokaasjes hat de gemeente ûndersocht?
It boaiem- en grûnwetterûndersyk barde op lokaasjes dy’t it meast gefoelich binne op advys fan GGD Fryslân. Dêrmei bedoele wy bygelyks grûn dy’t brûkt wurdt foar it ferbouwen fan iten, lykas de folkstunen yn it gebiet en lokaasjes dêr’t in soad rekreëarre wurdt. Ek de stikken grûn oan de Tsjessingawei direkt oan de Jelsumer Feart binne ûndersocht.
Dêrneist binne lokaasjes ûndersocht dy’t foardroegen binne op de bewennersjûn. Dat binne inkele partikuliere stikken grûn en in earder baggerdepot. Ta beslút binne lokaasjes lâns de Lytse Feart ûndersocht dêr’t koarte tiid hekkelspeesje op ’e kante lein hat.
Alle ûndersochte lokaasjes kinne jo fine op de kaart Undersykslokaasjes boaiemûndersyk.
Wat binne de útslaggen fan it boaiem – en grûnwetterûndersyk?
Foar de berekkenings is útgien fan de totale hoemannichte PFAS dy’t in persoan per dei binnenkrije mei; dat neame wy de Toelaatbare Dagelijkse Inname (TDI). It is gebrûklik om by in sûnenskundige risikobeoardieling rekken te hâlden mei de bleatstelling dy’t in minske yn it deistich libben al hat. Foar PFAS is bekend dat Nederlanners al PFAS binnenkrije fia it iten en it drinkwetter. Troch te toetsen oan 50 prosint fan de TDI sitte wy oan de feilige kant en soargje wy derfoar dat ynwenners net tefolle fan dizze stoffen binnenkrije.
De gemeente Ljouwert en GGD Fryslân lieten har advisearje troch ûnder oare de Ryksoerheid (Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat), it Ryksinstitút foar Folkssûnens en Miljeu (RIVM), de gemeente Dordrecht, de Provinsje Súd-Hollân, de Omjouwingstsjinst Súd-Hollân Súd en oare GGD-regio’s.
Ferskate mooglikheden
By it toetsen waard gebrûk makke fan ferskate mooglikheden, wat ôfhinget fan hoe’t minsken de boaiem brûke (gebrûksfunksje fan de lokaasje). As in grientetún beoardiele wurdt dy’t minsken brûke foar alle grienten dy’t se jierliks ite, sil de toets folle stranger wêze as wannear’t de tún fan in wenning beoardiele wurdt. Hjir krije minsken folle minder PFAS fan de boaiem binnen.
Utslaggen yn 3 kategoryen
- De boaiem soarget foar in ynname fan PFAS foar de brûker fan minder as 50 persint fan de TDI. Dit is feilich en krijt dus de kleur grien.
- De boaiem soarget foar in ynname fan PFAS foar de brûker fan tusken de 50 en 100 prosint fan de TDI. Fan allinnich de boaiem krijt de brûker net tefolle PFAS binnen, mar troch de eftergrûnbleatstelling krije minsken wol tefolle PFAS binnen. Dit krijt de kleur oranje.
- De boaiem soarget foar in ynname fan PFAS foar de brûker fan mear as 100 persint TDI. Minsken krije fan de boaiem tefolle PFAS binnen. De boaiem is dus net geskikt foar de wize wêrop’t dy no brûkt wurdt. Dit krijt de kleur read.
GRIEN: hast alle ûndersochte lokaasjes binne geskikt foar wêr’t se no foar brûkt wurde. De boaiem en it grûnwetter fan alle ûndersochte grientetún- en folkstúnkompleksen binne geskikt om te brûken.
Dat docht bliken út de ûndersiken dy’t de gemeente yn maart en april 2024 útfiere litten hat. Der is sjoen nei it gebrûk fan de lokaasjes en wat de risiko’s binne fan stoffen dy’t eventueel fûn binne yn de boaiem en it grûnwetter. Dat betsjut bygelyks dat der op wenperselen sûnder sûnensrisiko wenne wurde kin en dat gewaaksen op de folkstún- en grientetúnkompleksen sûnder sûnensrisiko iten wurde kinne.
Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat it grûnwetter fan de folkstún- en grientetúnkompleksen troch de túnkers brûkt wurde kin foar it bereinen fan de gewaaksen.
Wichtich advys
Brûk it wetter út de Jelsumer Feart en de Lytse Feart noch net.
ORANJE: soms jilde brûksadvizen of beheinings by grûnferset.
Foar in pear parten fan (wen)perselen dy’t geskikt binne foar wêr’t se no foar brûkt wurde, jildt dat in grientetún kin, mar mei brûksadvizen. Dit giet om parten fan de yn totaal 36 troch de gemeente ûndersochte lokaasjes. Tink bygelyks oan it advys om yn bakken te túnkjen, oare gewaaksen te telen dy’t minder PFAS opnimme of it advys om it iten fan griente út de tún ôf te wikseljen mei griente út de supermerk of fan de grienteboer.
Undersiken lâns de Lytse Feart
De ûndersiken fan de hekkelspeesjelokaasjes lâns de Lytse Feart binne yntusken dien en dizze resultaten wurde op dit stuit útlein. Foar alle ûndersochte lokaasjes jildt dat dy brûkt wurde kinne lykas bewenners en brûkers dat no ek dogge, sûnder sûnensrisiko’s. As der yn de takomst grûn frijkomt (bygelyks by it útgraven fan in fiver), kinne der beheinings wêze foar it werbrûken fan dy grûn earne oars. As dat it gefal is, kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente foar mear ynformaasje. De gemeente kin jo dan goed advisearje oer wat jo dwaan moatte.
De brûksadvizen kinne dus per lokaasje ferskille. Dat is taljochte troch de gemeente en de GGD yn de petearen mei eigeners, brûkers en bewenners fan de ûndersochte lokaasjes.
READ: gjin fan de troch de gemeente ûndersochte lokaasjes binne read.
Sil de gemeente noch mear boaiem- en grûnwetterûndersyk útfiere?
Op it stuit is der gjin oanlieding foar de gemeente om mear boaiem- en grûnwetterûndersyk te dwaan. It ûndersyk nei de aaien fan (hobby)hinnen rint noch.
Kin de boaiem en it grûnwetter op myn perseel yn de omjouwing fan de Jelsumer en Lytse Feart ek ûndersocht wurde?
Op ferskate lokaasjes yn de omjouwing fan de Jelsumer Feart en Lytse Feart is de boaiem en it grûnwetter ûndersocht. Sjoch ek de útlis oer de ûndersochte lokaasjes. De grûn fan de measte perselen kin gewoan brûkt wurde, soms mei in brûksadvys. Der is gjin oanlieding foar de gemeente om mear perselen te ûndersykjen. As eigener fan grûn kinne jo fansels wol sels in buro foar ûndersyk ynskeakelje.
Wurde gewaaksen út grientetunen ûndersocht?
De grûn fan de troch de gemeente ûndersochte lokaasjes kin yn de measte gefallen sûnder risiko brûkt wurde. Op de ûndersochte grientetunen kin iten ferboud wurde. Der is dêrom gjin oanlieding om gewaaksen ûndersykje te litten.
Hokker maatregels binne der om fersprieding fan fersmoarging tsjin te gean by it simmerûnderhâld?
- Underhâld fynt plak mei help fan in meanboat. Dizze snijt de begroeiïng út it wetter. Dêrmei grûnje wy folle minder om yn de fersmoarge wetterboaiem as bygelyks by hekkeljen.
- It meansel / it frijkommend plantemateriaal wurdt ôffierd nei in erkende ferwurker. Foarôfgeand fynt ûndersyk plak nei de miljeuhygiënyske kwaliteit fan dit materiaal.
- It frijkommend plantemateriaal wurdt net lykas gebrûklik earst op de wetterkant lein, mar fuortendaliks fan it wetter ôf ôffierd.
Wêrom is simmerûnderhâld nedich?
- De haadwetters yn it gebiet moatte yn ferbân mei trochstreaming previntyf ûnderhâlden wurde. Gjin ûnderhâld kin yn ekstreme situaasjes liede ta oerstreaming fan wetter nei de njonkenlizzende (lânbou)perselen.
- De Jelsumer Feart en Lytse Feart binne boezemhaadwettergongen. Dizze binne breed genôch, dêrom hoecht Wetterskip Fryslân hjir foar it wetterbehear meastentiids net te meanen. (Twa jier lyn is dat wol bard om de tafier nei de ynlitten frij te meitsjen, mar omdat de ynlitten no fanwege de fersmoarging sletten bliuwe, is dat, salang’t net sanearre is, gjin argumint.)
- De gemeente Ljouwerteradiel hat in pear jier lyn oanlisfoarsjennings makke by Dekemastate foar toerisme. De gemeente Ljouwert hat it kontrakt om Dekemastate berikber te hâlden foar sloepen oernommen. Dat betsjut dat de Jelsumer Feart en de Lytse Feart alle jierren troch de gemeente wol ekstra meand wurde.
Kin it simmerûnderhâld net in jier oerslein wurde?
- Oangeande simmerûnderhâld wurdt der altyd in ôfwaging makke oer de needsaak. Dit is altyd ôfhinklik fan de situaasje en potinsjele risiko’s.
- Op it stuit is der foar in part fan de haadwettergongen in risiko op mooglik noch eksplosive plantegroei, wêrtroch de trochstreaming net mear goed mooglik is. Yn situaasjes mei ekstreme delslach smyt dit in risiko op fan fersprieding fan fersmoarge wetter nei njonkenlizzende perselen.
- Farre is mooglik op de Jelsumer Feart en Lytse Feart. Dêrtroch ûntstiet by plantegroei in risiko op fêstreitsjen fan skroeven / fêstrinnen fan boatsjes. Dit smyt wer risiko’s op foar it kontakt mei fersmoarge wetter / danwol ûnkontrolearre omgrûnjen fan ’e wetterboaiem.
Faakstelde fragen PFAS yn de gemeente
Wat is PFAS?
PFAS stiet foar per- en polyfluoralkylstoffen. It is in groep fan tûzenen gemikaliën dy’t unike wetter- en smoargensôfstjittende eigenskippen hawwe. PFAS wurde op grutte skaal makke en komme foar yn in soad gewoane produkten fanwegen dy nuttige eigenskippen. Tink bygelyks oan anty-oanbaklagen, wetterôfstjittende tekstylbehannelingen en brânwarrende skûmen.
Dizze gemikaliën wurde al tsientallen jierren makke en brûkt yn ferskillende yndustryen en konsuminteprodukten. In pear bekende foarbylden fan PFAS binne PFOS (Perfluoroktaalsulfonaat), PFOA (Perfluoroktaansoer), PFBS (Perfluorbutaansulfonaat) en PFHxS (Perfluorheksaansulfonaat).
PFAS steane ek bekend as “forever chemicals”, om’t se kwalik ôfbrekke en har dêrtroch ophoopje kinne yn it miljeu (planten, bisten en minsken). Se komme rûnom yn it miljeu foar. Fanwegen harren mooglik skealike effekten op de minsklike sûnens en it miljeu, krigen PFAS in soad oandacht. Der wurdt noch altyd in soad ûndersyk dien nei de eigenskippen fan PFAS en hoe’t dizze stoffen har gedrage yn it miljeu (ûnder oare troch it RIVM).
Wat binne de potinsjele sûnensrisiko’s fan PFAS?
De gefolgen fan bleatstelling oan PFAS hingje ôf fan de doer en hichte fan de bleatstelling. By langduorjende bleatstelling oan ferhege wearden kin PFAS gefolgen hawwe foar de sûnens. Nei alle gedachten hat it effekt op it ymmúnsysteem. Dêrneist kin it effekt hawwe op de wurking fan de lever, it hormonale systeem en foarmen fan kanker. Mear ynformaasje kinne jo fine op de pagina fan GGD Leefomjouwing.
Wat is de rol fan de gemeente?
De gemeente Ljouwert hat sûnt 2003 neffens de wet it rjocht en is ferantwurdlik foar it meitsjen fan besluten oer de boaiem. Tink oan:
- It ferlienen fan fergunnings foar boaiemaktiviteiten.
- It fêststellen fan boaiemkwaliteitsnoarmen.
- It tafersjoch hâlden op it neilibjen fan de regeljouwing oangeande boaiembehear en -beskerming.
Sa is de gemeente no dwaande om de PFAS- gehalten dúdlik te meitsjen foar hiel har grûngebiet. Dit komt yn in PFAS-boaiemkwaliteitskaart te stean. Dat barde ek mei de oanwêzigens fan oare stoffen. Op de webside Zicht op Grond kinne jo hjir mear ynformaasje oer fine.
De gemeente Ljouwert fynt in sûne leefomjouwing hiel wichtich en dêrom wurdt PFAS meinommen by boaiemûndersiken dy’t yn opdracht fan de gemeente dien wurde (bygelyks by nije ûntwikkelingen en ûnderhâldswurk).
Wêr yn Ljouwert is PFAS oantroffen?
Koartlyn binne ferhege gehalten oan PFAS fûn yn de boaiem en it wetter fan de Jelsumer en Lytse Feart. Sjoch foar mear ynformaasje by it kopke ‘Aktueel: Jelsumer en Lytse Feart’ op dizze side.
Wat docht de gemeente om PFAS yn kaart te bringen?
De gemeente makket in boaiemkwaliteitskaart binnen de gemeente Ljouwert. Hjir komme ek PFAS-gehalten op te stean. Sjoch ek it antwurd by de fraach ‘Wat is de rol fan de gemeente?’. Ek oare organisaasjes, lykas Wetterskip Fryslân, ûndersykje foar bygelyks de start fan baggerwurksumheden de wetterboaiem.
Wat docht de gemeente om PFAS-fersmoarging op te romjen?
Oant no ta is der gjin grutte fersmoarging mei PFAS bekend, útsein de Jelsumer en Lytse Feart, sjoch kopke ‘Aktueel: Jelsumer en Lytse Feart’. De dêr fersmoarge wetterboaiem moat sanearre wurde (skjinmakke) troch Wetterskip Fryslân.
Wat docht de gemeente om fersmoarging mei PFAS tefoaren te kommen?
De gemeente nimt PFAS mei by de boaiemûndersiken dy’t yn har opdracht dien wurde. Fierder brûkt en kontrolearret de gemeente de lanlike wetten en regels oer PFAS. De gemeente wurket ek gear mei oare ynstânsjes, lykas de Provinsje, it Wetterskip en de GGD. Mei-inoar nimme wy maatregels om PFAS-fersmoarging tefoaren te kommen en om it miljeu en de folkssûnens te beskermjen.
Hoe wurdt PFAS ferspraat yn it miljeu?
PFAS kin fia ferskillende wegen yn it miljeu telâne komme. Bygelyks ôffalwetterloazingen, it brûken fan produkten dy’t PFAS befetsje en fia de loft.
Kin de boaiem op myn perseel op PFAS ûndersocht wurde?
Der is op dit stuit gjin oanlieding om de boaiem op partikuliere terreinen te ûndersykjen op PFAS. Jo kinne hjir as eigener sels in buro foar ynskeakelje.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer PFAS fine jo op:
- De webside fan it RIVM.
- De webside fan GGD Leefomgeving.