Stedsdichter fan Ljouwert
Ljouwert azemet kultuer. Wy foarmje in mienskip dêr’t de strjitten teäters yn binne, it wetter rjochting jout, en de taal ynternasjonaal oansjen hat. Dêr heart in eigen Stedsdichter by! Marrit Jellema is oant jannewaris 2026 Stedsdichter fan ’e gemeente Ljouwert.
Wat hâldt de rol fan stedsdichter yn?
Ljouwert wie yn 2018 net allinnich Kulturele Haadstêd fan Europa, mar is sûnt ein 2019 ek UNESCO City of Literature. Dizze stêd mei de doarpen dy’t dêrby hearre, fertsjinnet in Stedsdichter.
In Stedsdichter skriuwt oer Ljouwert, reflektearret op wat der libbet. In Stedsdichter hat bining mei wat der binnen de gemeente spilet en hat each foar kulturele en maatskiplike ûntjouwingen. De Stedsdichter hat in ûnôfhinklike en ferbinende funksje foar hiel Ljouwert. De Stedsdichter is kritysk en belutsen en wakkeret de leafde foar wurdkeunst oan.
Wa is Marrit Jellema?
Marrit Jellema (1993) wûn yn 2019 in Spoken Award yn de kategory ‘lyrics’. Yn juny 2021 kaam har spoken word debútalbum Superpersoonlijk út en yn septimber 2021 stie se yn de finale fan it NK poetryslam. Begjin 2023 wie de release fan har twadde album, Voor Altijd. Marrit folge fanôf april 2021 oant febrewaris 2023 it Urban Arts Talent trajekt fan it fûns foar kultuerpartisipaasje om harsels as artyst fierder te ûntwikkeljen. Se jout geregeld workshops poëzy en spoken word, organisearret yn oparbeidzjen mei Explore the North en City of Literature Ljouwert it spoken word evenemint ‘Hoge Woorden’ en stiet op poadia troch it hiele lân. Op 30 jannewaris 2024 is Marrit Jellema troch in fiifkoppige sjuery unanym útroppen ta Stedsdichter. Sy is de earste Stedsdichter nei Derwent Christmas, dy’t yn 2009 opfolge waard troch Stedskeunstner Marten Winters.
Gedichten
Hjir fine jo de gedichten dy’t Marrit Jellema as Stedsdichter fan Ljouwert publisearre hat.
- Op 10 septimber 2024 lies Marrit Jellema it gedicht ‘Ik weet nog hoe het voelde’ foar by Walk into the Light yn Grou, in kuier by it begji fan de Wrâld Suïside Previnsje Wike.
- Op 4 maaie 2024 droech Marrit Jellema it gedicht ‘Pas als iedereen’ foar by de Deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert.
- Op 14 febrewaris 2024 skreau Marrit Jellema it gedicht ‘Spoken Word’ oer de diskusje om it reinbôge-akkoart fan de provinsje hinne.
Besjoch de fideo
Stedsdichter Marrit Jellema hat in fideo opnommen dêr’t se it gedicht Geen ode zonder pijn yn foardraacht en harsels foarstelt oan de bewenners fan de gemeente Ljouwert.
Gean nei de fideo ‘Marrit Jellema – Geen ode zonder pijn’.
De sjuery
De sjuery bestie út de folgjende leden:
- frou R. Klandermans – boekferkeaper Van der Velde en skriuwster.
- frou C. Geurtsen – dosinte Nederlânsk Piter Jelles.
- frou T. Van der Steege – projektkoördinator UNESCO Leeuwarden City of Literature.
- De hear B. Temme – Learare-oplieding NHL Stenden, team Nederlânsk-Frysk.
- frou G. De Graaf – ‘stim út ’e stêd’, mei in passy foar literatuer en poëzy.
Eardere Stedsdichters en Stedskeunstners
- Arjan Hut
- Derwent Christmas
- Marten Winters
- It duo Daan Levy en Jacco de Boer
- Jamila Faber
- Cote Create
Fergoeding
De stedsdichter krijt in fergoeding fan €4.000,- foar de realisaasje fan it projektplan. En in honorarium fan € 4000,- per jier foar de op te leverjen wurdkeunsten en byhearrende foardrachtmominten. Foar oare opdrachten mei de Stedsdichter in eigen honorarium fêststelle.
Fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei: stadsdichter@leeuwarden.nl