Fluch oan:

Beliedsplan Feiligens

Us plannen om oerlêst, kriminaliteit en geweld yn de gemeente Ljouwert oan te pakken, steane yn de feiligensaginda en it útfieringsprogramma 2023-2024. De gemeente wurket gear mei oare maatskiplike organisaasjes om de wiken en doarpen feiliger te meitsjen, lykas it Veiligheidshuis Fryslân en it Meldpunt Oerlêst. It Meldpunt Oerlêst registrearret meldingen oer sosjale oerlêst. Sy pakke de oerlêst oan yn ’e mande mei plysje en helpferlieners. Jo kinne sels jo melding trochjaan oan de gemeente.

Buertbemiddeling of mediation

Soms hawwe minsken net troch dat oaren (oer)lêst fan harren hawwe. Jo kinne sels mei-inoar yn petear gean; as jo der mei-inoar net útkomme, slagget dit mooglik wol mei help fan buertbemiddeling of mediation.

Wykfeiligensyndeks

Alle jierren sjogge wy as gemeente oft ús oanpak wurket en stelle wy de saneamde ‘Wykfeiligensyndeks’ fêst. Yn dit oersicht kinne jo sjen hoe feilich oft jo buert, wyk of doarp is en hokker maatregels wy treffe om ûnfeilige situaasjes oan te pakken.