Fluch oan:

Lidmaatskip foar ûnbepaalde tiid

It lidmaatskip fan it UNESCO Creative Cities Network is foar ûnbepaalde tiid. Ljouwert moat wol foldwaan bliuwe oan de easken ûnder de kontrôle (audit). Dy audit is elke 4 jier. It lidmaatskip biedt kânsen om bygelyks skriuwers, dichters en oersetters út te wikseljen mei oare stêden. Mar ek it dielen fan kennis en ûnderfining oer literatuer en meartaligens. De klam leit hjirby op it Frysk. Ljouwert wurdt op dizze wize ekstra oantreklik foar kultuertoeristen.

Wat binne de meartalige doelen fan Ljouwert UNESCO City of Literature?

De gemeente Ljouwert hat de kandidaatstelling yntsjinne. Wy binne no de titeldrager en binne ferantwurdlik foar it projekt út namme fan de gemeente Ljouwert, de provinsje Fryslân en LF2028.
De belangrykste doelen fan Ljouwert City of Literature binne:

  • Profesjonalisearring
  • Ynternasjonalisearring
  • Lêsbefoardering
  • Ynnovaasje

De doelen binne duorsum en meartalich.

Projektpartners

UNESCO Creative Cities

Projektbudzjet

€ 0,-

Mear ynformaasje?

Mear ynformaasje fine jo op de website fan Ljouwert City of Literature.