Fluch oan:

Oer UN Global Compact Network

Leden fan it UN Global Compact Network ynspirearje elkoar en wurkje gear om de wrâld duorsumer te meitsjen. Wy binne de iennichste Nederlânske stêd dy’t him oansluten hat by it UN Global Compact

Sa litte wy sjen dat wy ús serieus ynsette foar duorsumens en ferantwurde ûndernimmen. Dêrmei rint Ljouwert foarop op it mêd fan duorsumens yn Nederlân.

Troch diel út te meitsjen fan dit netwurk kinne wy ynspiraasje opdwaan en leare fan oare stêden en organisaasjes dy’t har ek ynsette foar duorsumens. Sa kinne wy ús eigen ynspanningen op it mêd fan duorsumens fierder ferbetterje en útwreidzje.

WetterCampus

Ljouwert hat in pear jier holpen by it ûntwikkeljen fan de WetterCampus, in sintrum foar kennis en ynnovaasje op it mêd fan wetter. Dit wie ûnderdiel fan it ‘Cities Programme’ en is wilens einige. Ljouwert wie in foarbyldstêd foar oare stêden om’t se hiel ynnovatyf wie op it mêd fan Wettertechnology. Om ‘SDG 6: Water Quality’ te ferbetterjen.