Oanspraaklikstelling gemeente (fergoeding by skea)
Hawwe jo skea en fine jo dat de skuld fan ’e gemeente? Bygelyks troch min ûnderhâld fan in dyk of iepenbier grien. Of troch in oanriding mei in auto fan ’e gemeente? Stel de gemeente ferantwurdlik foar de gefolgen en freegje in fergoeding foar jo skea oan. Ful it folgjende formulier yn:
Skea troch in feiwein
Hawwe jo bygelyks in lekke bân krigen troch in stieltriedsje fan ’e feiwein? Nim kontakt op mei Omrin. Feiweinen binne net fan ’e gemeente.
Hoe wit ik oft ik de skea fergoede krij?
Jo krije de kosten fergoede, as der yndied skea ûntstien is troch optreden of dwaan fan ’e gemeente. De gemeente of har fersekering beoardielet jo oanfraach.
Wannear krij ik berjocht oer myn oanfraach?
Binnen 8 wiken.
Kosten makke foar in rioelûntstoppingsbedriuw
Waard de ferstopping feroarsake troch in stikkene of fersakke rioeloansluting op gemeentegrûn? Freegje de kosten fan it ûntstoppingsbedriuw werom fia it formulier ‘Oanspraaklikstelling yn ferbân mei skea’. Doch dêr it filmke fan it ûntstoppingsbedriuw by.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.