Fûne, ferlerne of fermiste foarwerpen
Hawwe jo in foarwerp fûn, hawwe jo wat ferlern of tinke jo dat jo fyts stellen is? Jou dit sa gau mooglik troch en beskriuw it foarwerp sa sekuer mooglik.
Wat ferlern. Is it ek fûn?
Kontrolearje oft it fûn is fia webside Verloren of gevonden. Guon fûne foarwerpen steane net op dy webside. It giet dan bygelyks om losse kaaien, paraplu’s, wanten, sjaals of knuffels. Dy foarwerpen binne lestich om hiel sekuer te omskriuwen. Se kinne fan mear as 1 persoan wêze.
Fûn of ferlern foarwerp melde
Jou dit troch fia de webside Verloren of gevonden.
Fûn foarwerp ynleverje of ophelje
Dat kin by de AFAC (Algemene Fiets Afhandel Centrale) oan ’e Voltastrjitte 11 (achterkant) yn Ljouwert.
Telefoannûmer: 058-2131301
Iepeningstiden: moandei oant en mei freed fan 13:00 oant 17:00 oere.
Bewiis dat jo de eigener binne
Mei oankeapbonnen, foto’s, garânsjebewizen of spesifike kenmerken fan it foarwerp bewize jo dat jo de eigener binne. As it foarwerp yndied fan jo is, nimme jo it mei. Dêrneist moatte jo jo legitimearje kinne mei in jildich legitimaasjebewiis.
Fûn foarwerp thús bewarje
Bewarje en ûnderhâld it dan goed. As de persoan (dy’t it foarwerp ferlern hat) him meldt, ûntfange sy jo adres of telefoannûmer.
Fyts kwyt of stellen
Kontrolearje oft jo fyts fûn is fia de webside Verloren of gevonden.
Stiet jo fyts der net tusken?
Kontrolearje de folgjende dei dan nochris. Meiwurkers besykje binnenkommen fytsen binnen 1 dei op ’e webside te setten. Mar dit slagget net altyd.
Fuorthelle of yn beslach nommen fytsen
De AFAC (Algemene Fiets Afhandel Centrale) bewarret fytsen dy’t de gemeente Ljouwert fuorthelle hat. Dat bart bygelyks mei fytsen dy’t fan nimmen lykje te wêzen (wêsfyts), fytswrakken en fytsen dy’t ferkeard stald binne. Dit jildt ek foar fytsen dy’t de Plysje Fryslân fûn hat of yn beslach nommen hat.
Werkenne jo jo fyts?
Bewarje it AFAC-nûmer dat by de foto stiet en nim kontakt op mei de AFAC (Algemene Fiets Afhandel Centrale) oan ’e Voltastrjitte 11 yn Ljouwert.

Foar it opheljen fan in fuorthelle fyts betelje jo € 25,00. Jo kinne mei pin en kontant jild betelje. Alle binnenbrochte fytsen wurde kontrolearre op fytsstellerij. As in fyts stellen is, hoege jo net te beteljen by it opheljen.
Oanjefte dwaan by de Plysje.
Fine jo jo fyts net by de AFAC? Dan is jo fyts miskien stellen. Doch dan oanjefte by de Plysje.
Ferlern foarwerp wer fûn
Hawwe jo melden dat jo wat kwyt binne en hawwe jo it wilen wer fûn? Lûk dan jo melding yn fia de link dy’t jo yn de befêstigingsmail krigen hawwe. Of nim kontakt op mei de AFAC (Algemene Fiets Afhandel Centrale) om jo melding yn te lûken. Telefoannûmer 058-2131301