Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan?

Download it formulier Bewennersinisjatyf (PDF, 148,68 KB) en ful yn. Scan it formulier yn en mail it nei bewonersinitiatieven@leeuwarden.nl. Hawwe jo gjin scanner? Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Foarbylden fan bewennersinisjativen

  • It oanlizzen fan in grientetún.
  • It pleatsen fan in picknicktafel om gesellich oan te iten.
  • Mear blommen en planten yn elke strjitte.
  • Mei alle bewenners in moai keunstwurk meitsje.

Betingsten

  • Meitsje in plan dat ek helber is. Dat moat ûnder oaren bestean út de folgjende gegevens:
    • Omskriuwing fan it inisjatyf.
    • Is der in soad stipe foar it inisjatyf yn jo omjouwing?
    • De lokaasje (kaartsje) foar fysike inisjativen.
    • Tiidpaad.
  • It inisjatyf mei net yn striid wêze mei de wet en/of besteand belied.
  • Inisjatyfnimmers binne sels ferantwurdlik foar (eventuele) finansiering.
  • Foar inisjativen dy’t de leefberens yn jo wyk, buert of oarp ferbetterje, kinne jo subsydzje oanfreegje. Dat kin by de gemeente fia it Mienskipsfûns. Der binne ek lanlike en provinsjale subsydzjes, lykas ‘Jantje Beton’.

Fragen?

Wy tinke graach mei jo mei om jo inisjatyf ta in sukses te meitsjen. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei: bewonersinitiatieven@leeuwarden.nl.