Fluch oan:

Wêr giet it oer?

Yn in soad wenningen en gebouwen, dy’t foar 1986 boud binne, binne stielen liedingen brûkt. Dat jildt dus foar in grut part fan ’e wyk Aldlân. Sûnt 1986 binne stielen gasliedingen net mear tastien yn Nederlân. Dy kinne rustkje. Bygelyks yn in fochtige (krûp)romte of yn beton. As de liedingen hiel lang rustkje, dan kinne se gas lekke. Driuwend advys oan eigeners fan wenningen is om de gasliedingen kontrolearje te litten troch in erkend ynstallateur. Dat is net allinnich wichtich foar jo as eigener, dat is ek belangryk foar de feilichheid fan jo omjouwing en jo buorlju.

Wat kinne jo sels dwaan?

Jo hiere jo wenning

Jo ferhierder is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan jo wenning. Nim kontakt op mei jo ferhierder as jo fragen hawwe. Hiere jo fia WoonFriesland, Elkien of Vesteda? Dy ferhierders hawwe by de gemeente oanjûn dat de liedingen geregeld kontrolearre wurde of earder al (foar in part) ferfongen binne.

Jo binne eigener fan in wenning

Eigeners fan wenningen binne altyd ferantwurdlik foar de steat fan ’e eigen wenning, dus ek foar it liedingwurk yn harren hûs. Eigeners binne dus sels ferantwurdlik foar harren feiligens, en de feiligens fan harren omjouwing.

  • Wolle jo witte oft de gasliedingen yn jo wenning feilich binne? Dan advisearje wy jo driuwend it liedingwurk kontrolearje te litten troch in erkend ynstallateur. Sille jo jo wenning isolearje? Lit dan altyd earst jo gaslieding kontrolearje, foardat jo der net mear by kinne.
  • Lizze de gasliedingen altyd drûch, yn it sicht en boppe de grûn? Dan is de kâns lyts dat se rustkje. Is jo wenning nei 1986 boud? Dan hoege jo jo gjin soargen te meitsjen, want dan binne der nei alle gedachten gjin stielen gasliedingen brûkt. Twivelje jo? Lit jo dan advisearje troch in erkend ynstallateur.

Wat docht de gemeente?

De gemeente hat ynwenners fan de wyk fia bewennersbrieven, nijsbrieven en ynformaasjejûnen ynformearre oer stielen gasliedingen yn wenningen en oer it driuwende advys dy kontrolearje te litten troch in erkend ynstallateur. Dat hat de gemeente dien yn oerlis mei Feilichheidsregio Fryslân en wykpanel Aldlân.

Stekproef

De gemeente hat yn it neijier fan 2022 in stekproef holden by wenningen yn Aldlân. Fan ’e 25 adressen hawwe wy by 13 wenningen stielen liedingen oantroffen. By 3 wenningen wie der sprake fan (lichte) rustfoarming en wie ûnderhâld troch in erkend ynstallateur nedich.

Fragen of wat trochjaan oan de gemeente?

Mail dan nei gasleidingen@leeuwarden.nl. Ek as jo trochjaan wolle wat de steat fan ’e stielen gasliedingen yn jo hûs is.

Hawwe jo de gasliedingen yn jo wenning al kontrolearre litten troch in erkend ynstallateur?

Wy ûntfangen graach dy ynformaasje of it keuringsrapport fan ’e ynstallateur. Stjoer in e-mail nei gasleidingen@leeuwarden.nl. Hawwe jo foto’s? Stjoer dy dan ek mei. Notearje ek jo namme, adres en telefoannûmer. Dy ynformaasje brûke wy net foar oare doelen.

Wat bart der mei dy ynformaasje?

Wy kinne mei al dy ynformaasje sjen hoe grut it probleem is. Ek ûndersykje wy oft yn oare wiken en doarpen miskien in soad stielen gasliedingen brûkt binne foar 1986.