Fluch oan:

Spoedeaskjende meldingen

Foar spoedeaskjende meldingen wen-, wurk- en leefomjouwing (iepenbiere romte) bûten iepeningstiden fan de gemeente Ljouwert, kinne jo terjochte by de plysje. Telefoannûmer 0900 – 8844.

Meitsje jo geregeld meldingen?

Meitsje dan in link oan op jo telefoan of tablet.

Android-smartphone/tablet

  • Iepenje de browser Chrome.
  • Gean nei meldingen.leeuwarden.nl.
  • Druk op de trije puntsjes rjochts boppe-yn.
  • Druk op ‘App installeren’ of ‘Toevoegen aan startscherm’.
  • Fier in namme yn.
  • Druk op ‘Toevoegen’.
  • Druk nochris op ‘Toevoegen’.

iPhone/iPad

  • Iepenje de browser Safari.
  • Gean nei meldingen.leeuwarden.nl.
  • Tik ûnderyn (iPad boppe-yn) op ’e dielknop (fjouwerkant mei pylkje nei boppe).
  • Tik op ‘Zet op beginscherm’.
  • Tik eventueel op ’e namme om oan te passen.
  • Tik op ‘Voeg toe’.

Strjitte-yntimidaasje

De gemeente Ljouwert wol dat elkenien him feilich fielt op strjitte. Dêr heart strjitte-yntimidaasje net by. Strjitte-yntimidaasje is bygelyks: as immen neifluite wurdt, útskolden, achterfolge wurdt of neiroppen. Ek seksuele of agressive opmerkingen falle hjirûnder. Mear ynformaasje oer yntimidaasje op strjitte en it melden hjirfan fine jo op de pagina Strjitteyntimidaasje.

Fundearringsskea

De fundearring is de konstruksje dy’t in pân draacht. As de fundearring it pân net mear drage kin, kin dat in soad skea feroarsaakje. Der kinne skuorren en fersakkingen ûntstean, of it kin sels ynstoarte. Jou jo melding troch fia it Fundearringsloket.

Boete foar it dumpen en bysetten fan ôffal

Wurdt ôffal te betiid oanbean, earne byset of dumpt dêr’t it net heart of mei? Dan wurdt dit opromme troch hanthaveners fan de gemeente Ljouwert en meiwurkers fan de Omrin.

Blykt it ôffal fan jo te wêzen?

Dan krije jo in boete fan € 144,01. Dy boete wurdt ferstjoerd fanút de gemeente Ljouwert.

Mear ynformaasje oer boetes en de hichte derfan?

Gean nei de webside fan Boetebase.

Klacht yntsjinje

Hawwe jo in ferfelende ûnderfining mei de gemeente? Wurdt jo brief net beäntwurde? Hawwe jo it gefoel dat jo net goed holpen binne? Jo kinne derfoar kieze om digitaal in klacht yn te tsjinjen.

Kinne of wolle jo net digitaal in klacht yntsjinje?

  • Download it klachteformulier en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
  • Of belje nei 14 058.
  • Of kom persoanlik lâns op it gemeentehûs.
  • Of skriuw in brief en stjoer dy op nei de gemeente Ljouwert.

Hoe lang duorret de ôfhanneling?

De klacht moat binnen 6 wiken ôfhannele wêze. Dit kin ien kear mei 4 wiken ferlinge wurde. As dat sa is, ûntfange jo in brief fan ús.

Net iens mei de ôfhanneling?

Freegje de Nationale Ombudsman om help. Dit kin allinnich as earst de gemeente Ljouwert jo klacht yn behanneling nommen hat. De klacht moat al ôfhannele wêze.

Jierferslach klachten

Yn it jierferslach fine jo in oersicht fan ús klachten en hoe’t wy hjirmei omgeane: