Riolearring op eigen terrein
De gemeente leit riolearring oan op gemeentegrûn en ûnderhâldt dy. Riolearring op jo eigen terrein moatte jo sels oanlizze en ûnderhâlde. Foar in ferstopping nimme jo kontakt op mei in ûntstoppingsbedriuw. Sy meitsje de rioeloansluting skjin. Dit kostet jo jild.
Problemen mei de riolearring
Der kinne ferskillende oarsaken wêze wêrom’t de riolearring net goed wurket.
Jo ôffalwetter rint net fuort?
Miskien is jo rioel ferstoppe. Belje in ûntstoppingsberdriuw. Sy kinne mei in kamera kontrolearje wat der oan ’e hân is.
Wat te dwaan by in ferstopping?
Is der in ferstopping? Dit moatte jo sels oplosse. Ferstoppingen ûntstean faak troch bygelyks fet, doekjes of lytse foarwerpen yn it rioel. De kosten binne foar jo rekkening.
In stikken rioel?
Soms wurket it rioel net troch in breuk, fersakking of beamwoartels. Is it probleem op jo terrein? Dan moatte jo dit sels reparearje. Leit it probleem op gemeentegrûn? Dan is de gemeente ferantwurdlik.
Wurde de kosten fergoede?
Leit it probleem op gemeentegrûn? Dan kinne jo de kosten weromfreegje. Stjoer it rapport en de bylden fan it ûntstoppingsbedriuw nei de gemeente. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de gemeente. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Oanspraaklikstelling gemeente.
Rioeloansluting oanfreegje
Binne jo noch net oansluten op it rioelstelsel en wolle jo oansluten wurde? Of wolle jo by in ferbouwing de oansluting fan jo rioellieding nei it haadrioel ferfange litte? Dan kinne jo hjir in oanfraach foar dwaan troch in melding wen-, wurk- en leefomjouwing troch te jaan.
Driuwende situaasjes bûten kantoaroeren?
Nim kontakt op mei de plysje. Sy nimme kontakt op mei de steuringstsjinst fan ’e gemeente Ljouwert.
Mear witte?
Stichting Rioned
Op de webside fan Stichting Rioned fine jo ynformaasje oer bygelyks:
- Ferstoppingen
- Stank út it rioel
- Bepale wêr’t jo rioel leit
- Hoe it rioel wurket
Hawwe jo nei it besjen fan ’e webside fan Stichting Rioned noch fragen? Nim dan kontakt op mei de gemeente.
Rioel- en wettersoarchheffing
Mear ynformaasje fine jo op de side Rioel- en wettersoarchheffing.
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):
- Wet Miljeubehear
- Wetterwet
- Beslút bouwurken leefomjouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Programma Wetter en Riolearring 2023-2027
- Omjouwingsplan gemeente Ljouwert (artikel 22.12)