Fluch oan:

Wannear kinst strjitteyntimidaasje melde?

Strjitteyntimidaasje kin tidens of nei it barren melden wurde. Fia de knop ‘Meld strjitteyntimidaasje’ komst út by in formulier dêr’tst oanjaan kinst wat der bard is en op hokker plak. Ast dyn telefoannûmer of e-mailadres achterlitst kin in meiwurker fan de gemeente kontakt mei dy opnimme en útlizze wat de gemeente mei dyn melding dwaan sil. Kinst ek anonym melding dwaan fan strjitteyntimidaasje.

Wolst of kinst net digitaal melde?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wat kinst dwaan ast it barre sjochst?

Kinst op ferskillende manieren helpe. Bygelyks:

  • Sjochst strjitteyntimidaasje? Freegje dan oan dejinge dy’t it oerkomt: ‘Bist okee?’
  • Doch as kenst it slachtoffer en gean in petear oan.
  • Sjochst immen fan de plysje of in kontroleur fan de gemeente rinnen? Sprek dyjinge oan en lis de situaasje út. Dy persoan kin yngripe. In kontroleur fan de gemeente wurdt ek wol in hanthaver neamd.

Wat kin de gemeente dwaan oan strjitteyntimidaasje?

  • It plak ekstra meinimme yn de kontrôlerûtes.
  • Soargje foar bygelyks ekstra ferljochting op bepaalde lokaasjes.
  • Petearen fiere mei ûndernimmers yn dy buert (om yntimidaasje tefoaren te kommen).

Wêrom is it melden fan strjitteyntimidaasje sa belangryk?

It melden fan strjitteyntimidaasje is belangryk om’t dit it probleem dúdlik makket. As wy by de gemeente Ljouwert witte wêr’t en wannear’t dit bart, kinne wy better aksje ûndernimme.

Strjitteyntimidaasjemelde is gjin oanjefte

Ast in melding dochst by de gemeente is dat gjin oanjefte.

Plysje

Hast te krijen hân mei geweld lykas bedriging, yntimidaasje, oanranding of mishanneling? Belje dan de plysje fia 112 (by spoed) of 0900 8844 (by gjin spoed).

Slachtofferhulp Nederland

Wolst prate oer wat der bard is? Nim dan kontakt op mei Slachtofferhulp Nederland.

Tûmba

Hast te krijen hân mei diskriminaasje? Nim dan foar help en advys kontakt op mei Tûmba, it kennissintrum diskriminaasje en ferskaat yn Fryslân.

Centrum Seksueel Geweld

Hasto seksueel grinsoerskridend gedrach meimakke en hasto help nedich? Dat hâldt yn dat ien dingen docht op seksueel mêd dy ‘t de oar net wol. Nim dan kontakt op mei it Centrum Seksueel Geweld.

Oanpak strjitteyntimidaasje gemeente Ljouwert

Gemeente Ljouwert wol strjitteyntimidaasje tefoaren komme en minsken der bewust fan meitsje dat strjitteyntimidaasje der net by heart. De gemeente rjochtet him mei ferskillende maatregels op ferskillende doelgroepen. Net allinnich op slachtoffers, mar ek op dieders en minsken dy’t it sjoen hawwe. Der is spesjaal omtinken foar persoanen fan de LHBTIQ+ mienskip.

Programma Veilige Steden

De gemeente is oansletten by it programma Veilige Steden. Troch hjirby oan te sluten set de gemeente it ûnderwerp strjitteyntimidaasje bliuwend op de aginda. Strjitteyntimidaasje wurdt net mear akseptearre.

Bist okee?

De gemeente makket reklame om strjitteyntimidaasje ûnder de oandacht te bringen. Op dizze wize reklame meitsje, wurdt ek wol in kampanje neamd.

Sa docht de gemeente mei oan de kampanje ‘Bist okee?’ Dizze kampanje makket strjitteyntimidaasje en net-winske seksueel geddrach besprekber op strjitte, yn hoarekagelegenheden, by studinteferieningen en op festivals.

Kampanjeboadskip

It kampanjeboadskip is: Sjochst seksuele yntimidaasje? Freegje dan oan dejinge dy’t it oerkomt: ‘Bist okee?’ Sa soargje wy der yn gemeente Ljouwert mei-inoar foar dat elkenien him feilich fielt.

Fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.