Monumintesoarch
Wolle jo witte oft jo gebou of wenning in gemeentlik monumint of in ryksmonumint is? Dat stiet op de Monuminte-ynformaasjekaart Ljouwert. Wolle jo witte hoe’t jo jo monumint ûnderhâlde? Dat stiet útlein yn de ‘Utfieringsrjochtlinen Monumintesoarch Ljouwert’.
Fergunning nedich?
Foar alle wurksumheden oan ryksmonuminten en gemeentlike monuminten, neamd yn ûndersteand oersjoch, jilde de ERM útfieringsrjochtlinen. Dizze rjochtlinen en mear ynformaasje kinne jo fine op de webside fan Stichting Erkende Restauratiekwaliteit Monumentenzorg. Foar in oantal wurksumheden is gjin fergunning nedich. In oersjoch hjirfan kinne jo hjirûnder fine:
Wat sille jo dwaan? | Fergunningsfrij | Betingsten en útlis |
---|---|---|
Sloop lettere tafoegingen sûnder monumintale wearde binnen yn it pân |
|
Tafoegingen dêr’t dúdlik fan te sjen is dat se gjin monumintale wearde hawwe. Faak is der wol in sloopmelding nedich en dan ek in asbestûndersyk. |
Fundearringen |
|
Gjin. |
Betonwurk |
|
Gjin. |
Metselwurk |
|
Gearstalling speesje sa as it no is. |
Foechwurk |
|
Gjin. |
Gevelhimmeljen | Gevelreiniging is net tastien, behalve as it nedich is foar bygelyks it ferwiderjen fan graffiti. | |
Hydrofobearjen | Is allinnich yn spesjale gefallen tastien. | |
Muorre-ankers |
|
Gjin. |
Histoaryske houtkonstruksjes |
|
Gjin. |
Dakbeskot |
|
It oanbringen fan dakbeskot op in ûnbesketten kap is better foar it monumint. |
Metaalkonstruksjes |
|
Gjin. |
Skoarstiennen |
|
Ek it werompleatsen fan in skoarstien dy’t der ea sitten hat, is in wiziging. |
Kezinen, ruten en doarren |
|
Folsleine ferfanging falt hjir net ûnder. |
Treppen |
|
Gjin. |
Dakbedekkingen |
|
Gjin. |
Lead/koper/sink |
|
Ferfanging fan sink yn in daksgoate falt ûnder reparaasje. |
Beglêzing |
|
Glês set mei stopferve (stopferveferfanger). |
Skilderwurk |
|
De gemeente jout advys oan eigeners oer it gebrûk fan âlde of histoarysk ferantwurde kleuren. |
Natuer- en keunststien |
|
Gjin. |
Beskerme tunen, parken en begraafplakken |
|
Gjin. |
Hoe oanfreegje?
Freegje in fergunning oan fia it Omjouwingsloket.
Subsydzje of finansjele help oanfreegje
Miskien kinne jo subsydzje oanfreegje of is der oare finansjele help. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Subsydzje Monumint.
Gemeentlike monumintestatus
Gemeentlike monuminten binne ûnreplik goed. Bygelyks: gebouwen, brêgen, parken of in bysûnder stek. Dielen of ûnderdielen fan in gebou kinne oanwiisd wurde as monumint. Ek archeologyske terreinen en lânskipseleminten kinne de status fan in monumint hawwe. Sjoch foar mear ynformaasje oer archeologyske terreinen en lânskipseleminten op de pagina Wurksumheden yn lânskiplik erfgoed.
Monuminten moatte foldwaan oan easken
Dizze easken fine jo yn de Erfgoedferoardering gemeente Ljouwert 2024.
Earst wurdt ûndersyk nei de skiednis en wearden dien.
Lit dit ûndersyk sjen dat eat weardefol en bysûnder genôch is? Dan folgje de offisjele stappen om eat as gemeentlik monumint oan te wizen. Yn it dokumint Stappeplan oanwiisproseduere gemeentlike monuminten kinne jo dizze offisjele stappen fine. Yn de brosjuere fine jo ek antwurd op faak stelde fragen.
Is myn pân, objekt of terrein geskikt as gemeentlik monumint?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei: monumentenzorg@leeuwarden.nl.
Monumint ferduorsumje
Fia ‘De Griene menukaart’ kinne jo sjen wat der mooglik is, hokker finansjele help jo krije kinne en oft der regels binne dêr’t jo rekken mei hâlde moatte.
Nijsbrief Monumintesoarch
Fjouwer kear yn it jier komt der in ‘Nijsbrief Monumintesoarch’ út. Hjiryn stiet ynformaasje oer monuminten en archeology. Wolle jo dizze nijsbrief ûntfange? Stjoer dan in e-mail nei monumentenzorg@leeuwarden.nl.
Boarje yn Hout
De terp Nijehove, de heechste fan de terpen dêr’t de stêd Ljouwert op rêst, wie yn 2022 yn de tiid fan Arcadia de thúshaven fan it community art project De Baren. De terp Nijehove wie dêrmei poadium foar byldzjende keunst, artistike performances en in rûte dy’t dy lâns ferline, no en takomst late. Sintrale fraach dêrby wie: ‘Wa wenje der yn dit iuwenâlde lânskip en wat hâldt dy minsken dwaande?’. Dêrmei waard De Baren in moeting tusken fragen fan no én
kennis oer de skiednis.
Ien fan de projekten wie ‘Boarje yn Hout’ fan de gemeente Ljouwert. Eigeners fan terpwenningen iepenen foar ‘Boarje yn Hout’ de foardoar om dendrogronolooch Paul Borghaerts boarringen dwaan te litten yn houtkonstruksjes. Histoarikus Henk Oly die eigendoms- en bewenningsûndersyk. En tegearre toanden sy op 28, 29 en 30 july 2022 de resultaten yn de Waalse tsjerke foar elk dy’t der kennis fan nimme woe.
De befiningen binne no byinoar brocht yn it rapport ‘Boarje yn Hout’ dat op 7 desimber 2023 presintearre waard en oerhandige waard oan eigeners en oare belutsenen.
Fragen of help nedich?
Sykje earst sels op it Omjouwingsloket. Hawwe jo dan noch hieltyd help nedich of fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Kosten
Yn guon gefallen moatte jo leezjes betelje foar in omjouwingsfergunning foar monuminten. Dizze gefallen en de kosten foar planologysk stridich gebrûk stean yn de Tarivetabel Algemiene Leezjesferoardering.
De tariven foar de beoardieling troch de Wolstânskommisje fine jo op de webside fan Hûs en Hiem.