Fluch oan:

Wêrom dogge wy dit?

Grutsmoargens dat dumpt wurdt soarget foar fersmoarging en ûnfeilige situaasjes. Mei de konteners yn de wyk wurdt ynset op it ferminderjen fan de hoemannichte dumpt grutsmoargens.

Wat kin brocht wurde?

It folgjende meie jo lânsbringe:

stikkene meubels en âlde apparaten.

Brûkbere spullen

Jou goede spullen in twadde libben. Buertgenoaten meie dy fergees meinimme.

It folgjende kinne jo net lânsbringe:

Gemysk ôffal, húshâldlik ôffal, itensresten of grienôffal.

Wêr stiet de kontener?

  • Heechterp-Skieringen – Ikestrjitte en Sleedoarnstrjitte.
  • Frijheidswyk – Bruorren Wierdastrjitte en Kanadezeleane.
  • Bilgaard – De Kei en De Gealannen.
  • Binnenring – Amelânsdwinger, foarkant Prins Frederikkazerne (flakby de ûndergrûnske ôffalkontener).
  • Flietsône – Menno van Coehoornstrjitte op ’e hichte fan  Súdfliet.

Wannear?

De kontener stiet alle 14 dagen fan 12:30 oant 16:00 oere op de neamde lokaasjes. Hjirûnder fine jo de planning:

Lokaasje Data
Heechterp – Skieringen: Ikestrjitte 1, 15 en 29 april
13 en 27 maaie
10 en 24 juny
Heechterp – Skieringen: Sleedoarnstrjitte 10 april
8 maaie
5 juny
Frijheidswyk: Bruorren Wierdastrjitte 3 april
1 en 28 maaie
Frijheidswyk: Kanadezeleane 7 en 23 april
7 en 19 maaie
2, 16 en 30 juny
Bilgaard: De Kei 31 maart
14 en 28 april
12 en 26 maaie
11 en 23 juny
Bilgaard: De Gealannen 24 april
22 maaie
19 juny
Binnenring – Amelânsdwinge
Forkant Prins Frederikkazerne
17 april
15 maaie
12 juny
Flietsône – Menno van Coehoornstrjitte
Op ’e hichte fan it Súdfliet
8 en 22 april
6 en 20 maaie
3 en 17 juny

Wat makket it ekstra maklik?

  • Help op lokaasje: Twa meiwurkers stean klear om te helpen en advys te jaan oer ôffalskieding en recycling.
  • Brûk in stekkarke: Foar swiere spullen kinst in stekkarke liene.
  • Diel en ûntdek: Sjoch ris by de kontener foar brûkbere spullen dy’t in twadde libben fertsjinje.

Doch mei en meitsje in ferskil!

Romje spullen op dy’tst net mear brûkst, en draach by oan in skjinnere wyk. Dizze proef duorret in jier. Dêrnei wrudt der sjoen oft de ynset fan konteners yn de wyk suksesfol is en wat it ferfolch wêze sil.  Help mei en diel dizze ynformaasje mei dyn buertbewenners. De proef wurdt mei mooglik makke mei help fan Programma Ljouwert East.

Mei-inoar hâlde wy de wyk kreas en leefber!