Tegeltaksy
De Tegeltaksy is in frachtwein fan de gemeente Ljouwert dy’t 2 kear yn it jier komt om tegels op te heljen jo strjitte. Jo moatte de tegels yn it foar oanmelde by de gemeente. De Tegeltaksy hellet allinnich tegels op dêr’t planten, gers of oar grien foar yn it plak komt.
Spulregels
- Allinnich ynwenners, skoallen en bedriuwen út de gemeente Ljouwert kinne gebrûk meitsje fan de Tegeltaksy.
- Allinnich strjitfluorring fan jo eigen terrein mei oanmelden wurde foar de Tegeltaksy. Oar pún helje wy net op.
- Jo meie behalve tegels of oare strjitfluorring ek grint, dat ferfongen is troch grien, oanmelde foar de Tegeltaksy. Dit moatte jo wol oanleverje yn in Big Bag. Los grint wurdt net ophelle.
- Stjoer mei jo oanmelding foto’s mei fan de foar en nei situaasje fan jo terrein. Sa kontrolearje wy oft jo ek de tún echt fergrienje.
- Set de tegels de dei foar de opheldei op it plak dat jo oan ús trochjouwe. Dit moat in plak wêze dêr’t de frachtwein mei de gripper by kin. Bygelyks op de stoepe op de hoeke fan ’e strjitte. Net op iepenbier gers, te ticht by auto’s of ûnder in beam of lantearnpeal.
- De Tegeltaksy hellet de tegels op de opheldei op tusken 08:00 en 16:00 oere. Wannear’t it yn dy tiid net slagget, wurde de tegels de oare deis lykwols noch ophelle.
Meld jo tegels oan
Stjoer in e-mail nei nktegelwippen@leeuwarden.nl en jou dêrby de folgjende gegevens oan ús troch:
- jo namme;
- jo e-mail;
- jo telefoannûmer;
- de wyk/it doarp dêr’t jo wenje/jo bedriuw hawwe;
- de lokaasje (strjitnamme, hûsnûmer en postkoade) dêr’t de tegels komme te stean;
- it oantal wipte tegels fan 30×30 sm of it oantal fjouwerkante meter oan tegels;
- foto’s fan jo tún foar en nei it ferfangen fan de tegels troch grien.
Jo gegevens yn it oanmeldformulier wurde allinnich brûkt foar it plannen fan de rûte en om kontakt mei jo op te nimmen as wy de tegels net fine kinne. Jo gegevens wurde net troch ús bewarre.
Wannear komt de Tegeltaksy yn jo strjitte?
De Tegeltaksy docht jierliks 2 rondes. Ien kear yn it foarjier en ien kear yn it neijier. Foar elke ronde wurde in oantal opheldagen pland. Yn febrewaris/maart 2025 meitsje wy de nije tegel-opheldata bekend fia dizze side. Bûten de Tegeltaksy om kinne jo ek sels de tegels ynleverje by de Miljeustrjitte fan de Omrin.
Wat bart der mei de tegels dy’t de Tegeltaksy ophellet?
De tegels wurde op in oar plak yn de gemeente werbrûkt of recycle.
Plantynspiraasje nedich?
Op de webside groenleeftinleeuwarden fine jo ynspiraasje foar it plantsjen fan grien foar de wiete, drûge, sinnige en skaadrike tún.
Wêrom hat de gemeente Ljouwert in Tegeltaksy?
Twadtredde fan it grûnoerflak fan de gemeente is privee eigendom fan ynwenners en ûndernimmers. Troch klimaatferoaring komme der mear perioaden fan hjitte, drûchte en swiere reinfal. Griene tunen en terreinen binne hjir better tsjin bestân as strjitfluorring. Dêrom helpt de gemeente mei de Tegeltaksy minsken dy’t harren omjouwing fergrienje wolle. In griene omjouwing makket it wenjen, wurkjen en rekreëarjen yn ús gemeente nofliker foar minske en dier. Om’t it der moai útsjocht, bydraacht oan in sûne en bioferskate omjouwing, hjittestress tsjingiet en reinwetter ôffiert by reinbuien en better fêsthâldt by drûchte.