Ynboargerje yn de gemeente Ljouwert
Binne jo nij yn Nederlân en komme jo yn de gemeente Ljouwert te wenjen? Wolkom! Om yn te boargerjen moatte jo leare Nederlânsk te praten, lústerjen, lêzen en skriuwen. Ek leare jo hoe’t Nederlanners wurkje en wenje. Dat moat fan de regearing. Dat stiet yn de wet Ynboargering. Jo komme ek yn ’e kunde mei de Nederlânske en Fryske kultuer. As jo jo ynboargering helje, krije jo in ynboargeringsdiploma.
Ynboargerjen foar 2013
Hawwe jo foar 1 jannewaris 2013 jo ferbliuwsfergunning krigen? En hawwe jo jo ynboargeringseksamen noch net helle? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Ynboargerjen tusken 2013 en 2022
Hawwe jo nei 1 jannewaris 2013 jo ferbliuwsfergunning krigen? En moatte jo ferplicht ynboargerje? Dan krije jo in brief fan de Dienst Uitvoering Onderwijs (DUO). Yn dy brief stiet jo startdatum foar de ynboargering. Jo binne sels ferantwurdlik foar jo ynboargering. Jo hawwe 3 jier de tiid om yn te boargerjen.
Ynboargerjen op of nei 1 jannewaris 2022
De gemeente Ljouwert helpt jo om jo ynboargering te heljen. Jo hawwe 3 jier de tiid om yn te boargerjen.
Hoe sjocht it programma om yn te boargerjen derút?
Dit wurdt útlein yn it folgjende filmke:
- ‘Wolkom yn Ljouwert’ yn it Nederlânsk.
- ‘Wolkom yn Ljouwert’ yn it Arabysk.
- ‘Wolkom yn Ljouwert’ yn it Ingelsk.
- ‘Wolkom yn Ljouwert’ yn it Tigrinya.
Start ynboargering mei begelieding fan de gemeente Ljouwert
Wy starte mei kennismeitsjen sa gau’t jo in wenning hawwe. Dat kennismeitsjen wurdt ek wol ‘de brede intake’ neamd. Jo komme yn ’e kunde mei jo ynboargerskonsulint dy’t jo helpe sil.
Hoe’t jo in wenning krije, wurdt útlein yn it folgjende filmke:
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ yn it Nederlânsk.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ yn it Farsi.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ yn it Turksk.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ yn it Perzysk.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ yn it Ingelsk.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ yn it Arabysk.
Wy wolle graach witte wat jo yn jo lân fan komôf dien hawwe, wat jo dreamen en winsken binne en wolle jo fertelle wat de mooglikheden yn Nederlân binne. Nei de brede intake beslute jo tegearre mei jo konsulint hokker ynboargeringsrûte it bêste by jo past.
It Plan Ynboargering en Partisipaasje (PIP)
De gemeente beslút tegearre mei jo hokker ynboargeringsrûte it bêste by jo past. Dat beslút neame wy it Plan Ynboargering en Partisipaasje (PIP). Yn dat plan stiet wat jo dwaan sille om yn te boargerjen. As de gemeente jo PIP makke hat, krije jo in brief fan DUO. Yn de brief stiet wannear’t jo ynboargeringsperioade offisjeel begjint en wannear’t jo klear wêze moatte.
Neist de ynboargeringsrûte dêr’t jo de taal yn leare, helpe wy jo mei it regeljen fan praktyske saken, lykas it finen fan in húsdokter, it yn ’e kunde kommen mei jo wenomjouwing en jouwe wy ûndersteuning by jildsaken.
Mear ynformaasje of help nedich?
Wolle jo mear minsken moetsje en meidwaan oan sosjale en kulturele aktiviteiten?
Gean lâns by Onze Familie. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Stjoer.
Wolle jo mear ynformaasje oer ynboargering?
Dat fine jo op de website Ynboargerjen.
Hawwe jo help nedich by algemiene fragen? Bygelyks oer jo post, formulieren of soarch?
Nim kontakt op mei it jo Wykteam.
Hawwe jo help nedich by húsfesting, it starten fan jo ynboargering, partisipaasje en yntegraasje?
Nim kontakt op mei Vluchtelingenwerk.
Hawwe jo fragen oer jo asyloanfraach of ferbliuwsfergunning?
Nim kontakt op mei de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst (IND).
Wolle jo immen fan de gemeente Ljouwert sprekke?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.