Fluch oan:

Oanfreegje

Stjoer in e-mail nei burgerzaken@leeuwarden.nl. Der binne in soad oanfragen. Wy nimme binnen 3 moanne kontakt mei jo op. Skriuw yn jo e-mail it folgjende:

  • Dat jo in earste petear foar in naturalisaasje- of opsjefersyk wolle.
  • Jo namme, bertedatum en adres.

Miskien wurdt der in ôfspraak makke.

By dy ôfspraak krije jo ynformaasje oer hoe’t jo Nederlanner wurde en wat de gefolgen binne fan it ôfstân dwaan fan jo oarspronklike nasjonaliteit.

Naturalisaasje

Betingsten

  • Jo binne mearderjierrich.
  • Jo wenje 5 jier of langer oan ien stik mei in jildige ferbliuwsfergunning yn it Keninkryk fan ’e Nederlannen. Jo hawwe altyd op ’e tiid jo ferbliuwsfergunning ferlingd.
  • Jo kinne jo identiteit en nasjonaliteit bewize mei jildige dokuminten.
  • Jo hawwe de ôfrûne 5 jier, efterinoar, yn Nederlân, Aruba, Curaçao, Sint Maarten, Bonaire, Sint Eustatius of Saba ynskreaun stien.
  • Jo binne ynboargere yn Nederlân.

Mear útlis fine jo op de website fan de Ymmigraasje en Naturalisaasjetsjinst (IND).

De earste ôfspraak is altyd in yntake.

It naturalisaasjeproses wurdt mei jo trochnommen. En der wurdt sjoen oft it Nederlannerskip foar jo mooglik is. Tegearre mei jo wurdt bepaald oft der offisjeel in oanfraach foar naturalisaasje dien wurdt.

Wat moatte jo meinimme as jo lânskomme?

  • In jildich identiteitsbewiis.
  • It ferbliuwsdokumint dat jo op dit momint hawwe.
  • Jo berte-akte, eventueel mei legalisaasje (mear ynformaasje hjiroer fine jo op de website fan De Ryksoerheid.
  • It bewiis fan jo earste oankomst yn Nederlân.
  • In bewiis fan ynboargering. Bygelyks it diploma, ynboargeringssertifikaat of sertifikaat nijkommers.

Hoe giet it fierder?

De gemeente stjoert jo fersyk troch nei de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst (IND). De kening nimt úteinlik de offisjele beslissing. Dat duorret ûngefear 1 jier.

Is jo fersyk ta naturalisaasje goedkard?

De gemeente Ljouwert nûget jo út foar in naturalisaasjeseremoanje. Jo krije it naturalisaasjebeslút. It is ferplicht nei dizze seremoanje by te wenjen.

Opsjeproseduere

Jo kinne de Nederlânske nasjonaliteit flugger oanfreegje troch opsje. Net elkenien kin opsje oanfreegje.

Wolle jo witte oft dit foar jo mooglik is?

Sjoch foar mear ynformaasje de website fan de Ryksoerheid.

Ynboargerje yn de gemeente Ljouwert

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Ynboargerje yn de gemeente Ljouwert.

Kosten naturalisaasje en opsjeproseduere

Kosten naturalisaasje Bedrach
Naturalisaasje Inkelfâldich (standert) € 1.023,-
Naturalisaasje Inkelfâldich (ferlege) € 760,-
Naturalisaasje Mienskiplik (standert) € 1.305,-
Naturalisaasje mienskiplik (ferlege) € 1.044,-
Meinaturalisearjende minderjierrige (per bern) € 151,-
Kosten opsjeproseduere Bedrach
Opsje Inkelfâldich € 217,-
Opsje Mienskiplik € 370,-
Meioptearjende minderjierrige € 24,-