Asbest
Asbest meie jo net sels fuorthelje; dit is giftich materiaal. As it brekt of ôfbrokkelet, komme der kankerferwekkende rizels frij. Jo hawwe tastimming nedich fan de gemeente.
Asbest (oan)melde
Tsjinje jo melding minimaal 5 dagen yn it foar yn fia it Omjouwingsloket:
- Gean nei it ûnderdiel ‘Oanfreegjen’.
- Sykje by aktiviteiten op ‘Slope’.
- Selektearje it formulier ‘Slopen fan in bouwurk of diel dêrfan of asbest ferwiderje – Melding (Ryk)’.
Leverje alle frege ynformaasje oan. Wy hawwe dizze ynformaasje nedich yn it ramt fan de fergunningsoanfraach. Soargje dat der gjin privacygefoelige gegevens yn de bylagen stean. Bygelyks: jo namme, adres of BSN.
Untfangstbefêstiging
Jo krije fan dizze melding in ûntfangstbefêstiging. Dy leverje jo yn by de Miljeustrjitte.
Asbestbelykjend materiaal (oan)melde
Asbestbelykjend materiaal liket bot op asbest. Dat ferskil kinne jo net sjen. Hawwe jo asbestbelykjend materiaal en wolle jo dat nei de Miljeustrjitte bringe? Jou dit digitaal oan ús troch (jo hawwe DigiD nedich). Stjoer ek in bewiis mei dêr’t út blykt dat it materiaal gjin asbest befettet.
Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan?
Download it Akseptaasjeformulier asbestbelykjend materiaal en folje it yn. Stjoer ek in bewiis mei dêr’t út blykt dat it materiaal gjin asbest befettet. Stjoer dit op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs of maile nei vergunningen@leeuwarden.nl.
Hoe asbest fuorthelje?
Jo meie allinnich sels asbest fuorthelje yn jo eigen wenning, tún en berging as:
- It bestiet út skroeve hiele platen, dêr’t de asbestrizels yn fêst sitte.
- It plaatoerflak maksimaal 35 m2 is.
- It net-lime asbestbefetsjende flierbedekking is.
- It asbestbefetsjende fliertegels binne.
- It gjin daklaaien binne.
Yn alle oare gefallen as hjirboppe neamd, moatte jo asbest troch in sertifisearre asbestferwideringsbedriuw fuorthelje litte.
Hoe asbest bewarje?
Leverje it binnen 2 wiken yn by de Miljeustrjitte. Hoe’t jo dit feilich ferpakt ynleverje moatte, fine jo op de webside fan de Omrin.
- Bewarje it yn in ôfsluten romte, sadat oaren net yn oanrekking komme mei it asbest.
- Bewarje it skieden fan al it oare ôffal.
Kosten
- Melding dwaan is fergees.
- De kosten foar in mooglik asbestynventarisaasjerapport betelje jo sels.
Fragen of help nedich?
Sjoch earst sels op de website van it Omgevingsloket. Hawwe jo dan noch hieltyd help nedich of fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.