Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Kollektefergunning oanfreegje (PDF, 441.12 KB en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wannear hawwe jo wol in fergunning nedich?

Wat binne de betingsten?

  • Jo kollekteperioade mei net itselde wêze as in perioade dy’t al op it lanlik kollekteroaster stiet.
  • Jo hawwe in CBF-kar of in ferklearring fan stipeweardigens (Verklaring van Steunwaardigheid) fan it CBF nedich.
  • De kollekte mei maksimaal ien wike duorje.

Wannear hawwe jo gjin fergunning nedich?

  • As de kollekte yn besletten kring is.
  • As jo as pleatslike feriening of stifting kolleaktearje foar in goed doel of foar it pleatslik belang.

Wat binne de betingsten?

  • De kollekte mei net op in snein wêze.
  • De kollektant moatte har legitimearje kinne.

 

Ferkeap oan de doar of op strjitte (sutelje)

Wat is sutelje?

It ferkeapjen of oanbieden fan produkten en tsjiinsten oan de doar of op strjitte.

Wat falt net ûnder suteljen?

It te keap oanbieden, ferkeapjen of ôfleverjen fan guod op in ferkeapplak of merk. Dit jildt ek foar in jiermerk of rommelmerk.

Wat binne de regels?

It is net tastien om:

  • te suteljen as de iepenbiere oarder, de iepenbiere feiligens en de folkssûnens yn gefaar komme;
  • te suteljen op in snein;
  • te suteljen op moandei oant en mei sneon tusken 22:00 en 08:00 oere;
  • langer as 10 minuten stil te stean sûnder kontakt te meitsjen mei in klant.

Hawwe jo in fergunning nedich?

Foar suteljen op gemeentegrûn is gjin fergunning nedich. Foar suteljen op in eigen terrein nimme jo kontakt op mei de eigener fan it terrein.

Kosten

Fergees

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).

  • Algemiene Pleatslike Feroardering Ljouwert.