Fluch oan:

Wenje of in skip: Lisplakfergunning

Yn de stêd Ljouwert binne ûngefear 200 plakken oanwiisd dêr’t skippen foar langere tiid oan de wâl lizze meie. Dy lisplakken stean yn it ‘Oanwizingsbeslút lisplakken’. Meastal is der net foar elkenien dy’t dat wol in lisplak beskikber. Dêrom hat de gemeente foar de stêd Ljouwert in wachtlist.

Ynskriuwe op de wachtlist

Dat kin allinnich as jo in skip hawwe. Skriuw jo digitaal yn. Jo hawwe in DigiD nedich.

Wolle of kinne jo net digitaal ynskriuwe?

Download it Oanmeldingsformulier foar pleatsing op wachtlist (lisplak skip) (PDF, 78.9 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wy litte jo witte hoe heech jo op de wachtlist steane.

Sagau’t der in lisplak frijkomt, hearre jo dat fan ús.

In lisplakfergunning oanfreegje

Dat kin allinnich as jo in skip hawwe, of as jo bewize kinne dat jo meikoarten eigener wurde fan in skip. Nim kontakt op mei de havenmaster op telefoannûmer 058 – 2338766. De havenmast sjocht tegearre mei jo oft jo skip geskikt is foar in lisplak yn Ljouwert. As de havenmaster tinkt dat jo skip geskikt is, skriuwe jo jo digitaal yn. Jo hawwe in DigiD nedich.

Jo skip moat foldwaan oan de folgjende easken:

  • Jo skip moat in histoarysk wenskip of museaal wenskip wêze.
    • Histoaryske wenskippen binne eardere (bewenne) beropsfrachtskippen, sleepboaten en fiskersskippen, dy’t hearre by de binnenfeart en de seefeart. It skip moat in histoarysk karakter en in autentike romp hawwe. It skip wurdt no allinnich noch brûkt om permanint yn te wenjen. Ek moat it ferantwurde wêze dat it skip selsstannich fart.
    • Museale wenskippen binne skippen foar de binnenfeart dy’t boud binne foar 1940 en dy’t in wichtige kultuerhistoaryske betsjutting foar Nederlân hân hawwe. It skip moat der noch (frijwol) krekt sa útsjen as foar 1940, doe’t de skipper der foar syn berop mei fear.
    • Museale wenskippen kinne soms in lisplak krije yn de Museumhaven.
  • It skip mei net langer wêze as 30 meter. Der binne útsûnderingen:
    • Jo hawwe in skip mei in Fryske maat fan maksimaal 31,5 meter.
    • Of jo hawwe in earder seeskip fan maksimaal 35 meter.
    • Yn de Museumhaven mei in skip grutter wêze, as it om de orizjinele histoaryske maten giet.
  • It skip moat wol goed ûnderholden wêze. De wolstânskommisje Hûs en Hiem sjocht nei jo oanmelding. Sy besjogge oft jo skip goed ûnderholden is en oft jo skip foldocht oan de regels út de ‘Wolstânsnota lisplakken’. Dêrby sjogge sy nei de folgjende punten:
    • Hat jo skip lyts ûnderhâld of in lytse ferbouwing nedich? Stjoer by jo oanmedling in ûnderhâldsplan mei in tiidsplanning mei. De wolstânskommisje sjocht oft it ûnderhâldsplan mei de tiidsplanning akkoart is. As dit akkoart is, komt jo skip op de wachtlist.
    • Hat jo skip in soad ûnderhâld of in yngripende ferbouwing nedich? Stjoer by jo oanmelding in sketsplan (by ferbouwing), ûnderhâldsplan en tiidsplanning mei. Jo skip komt yn dit gefal noch net op de wachtlist. Jo kinne wol in akkoart fan de wolstânskommisje krije foar jo plan. Sadree’t jo it ûnderhâld of de ferbouwing neffens plan útfierd hawwe, kinne jo jo skip op ’e nij oanmelde.
    • Is it skip akkoart? Dan komme jo op de wachtlist.

As der in lisplak frijkomt

Dan stjoere wy jo it ‘Antwurdformulier oanbieding lisplak farrend skip’. Wolle jo dit oanbod akseptearje? Folje it formulier yn en stjoer it nei ús werom. Dat is jo oanfraach foar in lisplakfergunning. As wy jo oanfraach binnen hawwe, wurdt jo skip beoardiele.

Ferhúzje mei in farrend skip

Hawwe jo in lisplak mei in farrend skip yn Ljouwert? En wolle jo ferhúzje nei in oar plak? Skriuw jo digitaal yn op de wachtlist. Jo hawwe in DigiD nedich. By jo oanmelding kinne jo trochjaan wêr’t jo graach hinne ferhúzje wolle.

Wolle of kinne jo net digitaal ynskriuwe?

Download it Oanmeldingsformulier foar pleatsing op de wachtlist (lisplak skip) (PDF, 84,95 KB) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Jo hawwe foarrang foar in lisplak

Om’t jo al in lisplak yn Ljouwert hawwe.

Wenje op in arke: Omjouwingsfergunning

Sille jo jo wenarke ferbouwe of wolle jo in nije wenarke pleatse? Freegje in omjouwingsfergunning oan fia it Omjouwingsloket. Jo meie allinnich in wenarke pleatse as by it oanbelangjende plak stiet ‘Spesifike foarm fan wetter – wenarkelisplak’.

Foldwaan oan de wolstânskritearia foar arken

Dy easken fine jo ûnderoan dizze pagina by Wet- en regeljouwing.

Ferhier lisplak plezierfartúch Grou, Wergea, Ljouwert

De gemeente Ljouwert hat in oantal lisplakken foar plezierfartugen dy’t jo it hiele jier hiere kinne.

Wêr binne dy lisplakken?

  • Grou:
    • J.W. Visserwei / fytsbrêge
    • Oedsmawei
    • Stasjonswei
    • De Baai
  • Wergea
    • De Baai
  • Ljouwert
    • De Skâns
    • Havenkom Wiarda

In lisplak foar plezierfartúch oanfreegje

Freegje it lisplak digitaal oan. Jo hawwe in DigiD nedich.

Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?

Download Oanfraachformulier hier lisplak plezierfartúch (PDF, 56.7 KB) en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Tydlike lisplakfergunning

Foar maksimaal in heal jier

Bygelyks om jo skip earne oan te lizzen by in evenemint. Freegje in tydlike lisplakfergunning oan. De fergunning is net bedoeld om der fêst te wenjen. De fergunning jidt foar maksimaal in heal jier. Der hoecht gjin advys frege te wurden oan de Wolstânskommisje Hûs en Hiem.

Foar langer as in healjier

Wolle jo jo skip langer as in healjier op in lisplak oanlizze? Mar wol tydlik? Freegje in tydlike lisplakfergunning oan. De Wolstânskommisje Hûs en Hiem sjocht nei jo oanmelding. Sy besjogge oft jo skip goed ûnderholden is en oft jo skip foldocht oan de regels út de ‘Wolstânsnota lisplakken’.

In tydlike lisplakfergunning oanfreegje

Freegje de fergunning digitaal oan. Jo hawwe in DigiD nedich.

Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfreegjen lisplakfergunning (PDF, 77.95 KB) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Kosten

  • Pleatsing op de wachtlist kostet € 263,69.
  • In lisplakfergunning kostet € 561,64.
  • In tydlike lisplakfergunning kostet € 280,84.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten en regeljouwing fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Regeling wachtlist foar wenskippen
  • It foar de oanbelangjende lokaasje relevante omjouwingsplan

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Algemiene Pleatslike Feroardering
  • Oanwizingsbeslút lisplakken
  • Wolstânsnota lisplakken