Fluch oan:

Fergunning oanfreegje

  • Foar in ferkeapsteanplak freegje jo digitaal in steanplakfergunning oan. Jo kream of wein moat mobyl wêze.
  • Meitsje jo langer as 30 dagen oanien gebrûk fan it ferkeapsteanplak, dan freegje jo in steanplakfergunning oan yn kombinaasje mei in tydlike omjouwingsfergunning. Jo kream of wein moat mobyl wêze.
  • Der is gjin fergunning nedich foar it iepenbier meitsjen fan gedachten of gefoelens. Dat rjocht leit ferankere yn de Grûnwet.

Wêr moatte jo rekken mei hâlde as jo in steanplak ynnimme wolle op gemeentegrûn?

  • Binnen 200 meter fan bysûndere ferkeapsteanplakken is gjin oar steanplak mooglik. De bysûndere steanplakken steane op de Lange Piip, it Beursplein en de Prins Hendrikbrêge.
  • Binnen 200 meter fan skoallen is gjin steanplak mooglik.
  • Der is gjin steanplak mooglik op de folgjende lokaasjes:
    • De Nijstêd
    • It Wilhelminaplein
    • It Lombardplein
    • It Gûveneursplein
    • It Hôfplein
    • It terrein oan wjerskanten fan de Harmonie
    • Yn de Prinsetún en oare parken
    • Om de Grutte Tsjerke hinne
    • It plein foar it Burmaniahûs oan de Nijstêd

Bysûndere ferkeapsteanplakken

Yn Ljouwert binne trije bysûndere ferkeapsteanplakken fêststeld. Foar it gebrûk fan dizze plakken jilde oare regels.

Wêr binne de bysûndere ferkeapsteanplakken?

  • Prins Hendrikbrêge
  • Efter de Beurs
  • Lange Piip

Hoe krij ik tastimming foar it gebrûk fan in bysûnder ferkeapsteanplak?

Om yn oanmerking te kommen foar in bysûnder ferkeapsteanplak wurdt in oanbestegingsproseduere holden. De ynskriuwing dêrfoar wurdt sawat 4 moannen foar it begjin fan de gebrûksperioade opstarten. De tastimming foar it gebrûk fan dizze lokaasjes wurdt foar maksimaal 5 jier jûn, foar maksimaal 1 gebrûksperioade per jier.

De gebrûksperioades binne:

  • febrewaris oant en mei maaie
  • juny oant en mei septimber
  • oktober oant en mei jannewaris

Yn de gebrûksperioade oktober oant en mei jannewaris meie op dizze lokaasjes allinnich oaljebollen ferkocht wurde. De Lange Piip is yn de perioade febrewaris oant en mei maaie net beskikber. Yn de perioade fan juny oant en mei septimber mei hjir allinnich iis ferkocht wurde.

Wat ha ik nedich?

  • Bewiis fan ynskriuwing fan de Keamer fan Keaphannel.
  • Jildich legitimaasjebewiis.
  • Jo binne 18 jier of âlder.
  • It bedriuw moat WA-fersekere wêze.

Lokaasje merken

Waremerken

  • Waachplein: moandeitemiddei en sneon
  • Waachplein en Nijstêd súdkant: sneon
  • Prins Willem Alexanderplein: woansdeitemoarn
  • Winkelsintrum Bilgaard: woansdeitemiddei
  • Antyk- en kuriosamerk Wilhelminaplein: tongersdei fan heal juny oant en mei heal septimber fan 09:00 oant 16:00 oere
  • Wilhelminaplein: freed

Op feestdagen, Keningsdei en Befrijingsdei is der gjin (ware)merk.
Under de merke, of in oar grut evenemint, wurdt de waremerk fan it Wilhelminaplein ferpleatst nei de Nijstêd/Wurdumerdyk.
De sneonsmerk hat as útwyklokaasje Wurdumerdyk/Ruterskertier (oant it Lombardplein ta) en/of it Wilhelminaplein.

Spesjale merken

  • Himelfeartsdei: blommemerk yn de binnenstêd mei in jiermerk
  • Lêste snein fan septimber: jiermerk yn de binnenstêd
  • Keningsdei: kommersjele merk Grienewei
  • Wurkdagen fan 11 o/m 23 desimber: krystbeammemerk op it Beursplein

Steanplak op in spesjale merk

Sûnt 1 jannewaris 2017 is de Stichting Marktbeheer út Drachten ferantwurdlik foar de organisaasje en it behear fan alle merken yn Ljouwert.
Wolle jo in (kommersjeel) steanplak op in spesjale merk, stjoer dan in mail nei info@marktbeheer.com. Stichting Marktbeheer is ferantwurdlik foar de útjefte fan dizze merksteanplakken.
Stichting Marktbeheer
De Kletten 10, Drachten
Telefoannûmer 06-41245438

Steanplak op de antyk- en kuriosamerk

Jo kinne jo moarns melde by de tsjinstdwaande merkmaster. Reservearje is net mooglik. Opride kin fan 06:00 oere moarns ôf. Pleatsing bart op folchoarder fan binnenkomst.
Foar mear ynformaasje kinne jo terjochte by Stichting Marktbeheer.

Kosten