Brievebusstikker
De gemeente Ljouwert hat de Ja-stikker ynfierd. Mei dizze nije maatregel foarkomme wy papierfergriemen. Jo krije dan gjin post mear dêr’t jo namme net op stiet (net-adressearre drukwurk). Of it moat wêze dat jo in Ja-sticker op jo brievebus plakke en/of jo digital oanmelde.
Plakke jo gjin stikker?
Dan krije jo wol de Hûs-oan-Hûsblêden en bygelyks wykkrantsjes of ynformaasje oer wurksumheden yn ’e buert. Mar gjin reklamefolders mear.
Wat kinne jo mei in brievebusstikker?
Oanjaan dat jo:
- Ynteressearre binne yn post dêr’t jo namme net op stiet (net-adressearre reklamedrukwurk) en Hûs-oan-Hûsblêden (Ja-stikker).
- Net ynteressearre binne yn post dêr’t jo namme net op stiet (net-adressearre reklamedrukwurk) en ek net yn Hûs-oan-Hûsblêden (Nee/Nee-stikker).
Ha jo al in stikker plakt?
Dan bliuwt dy gewoan jildich.
Hokker stikkers binne der?
Soarte stikker | Net-adressearre reklamedrukwurk winske | Net-adressearre Hûs-oan-Hûsblêden winske |
---|---|---|
Ja – stikker | Ja | Ja |
Gjin stikker of Nee/-Ja stikker | Nee | Ja |
Nee – Nee stikker | Nee | Nee
|
Stukker oanfreegje
De stikkers kinne jo ophelje by de baalje yn it gemeentehûs yn Ljouwert. Dat kostet jo neat. Binne jo net yn ’e gelegenheid om in stikker op te heljen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert dan stjoere wy jo dy op.
Reklamefolders online besjen
Gean nei de webside reclamefolder.
Digitaal oanmelde foar folders
Folderfersprieder Spotta wurket mei in digitaal systeem. Wolle jo folders fan Spotte ûntfange(n) (bliuwe)? Meld jo dan oan fia de webside inMijnBus. Foar oare folders bliuwt de stikker noch nedich.
Eigen folderpakket gearstalle
Gean nei de webside Folderkiezer. Jo ûntfagen dan allinnich de folders dy’t jo wolle.
Hawwe jo fragen of klachten oer de reklamefolders?
It kin barre dat jo dochs reklamefolders ûntfange wylst jo dat net wolle. Nim dan kontakt op mei de FRL Groep of Spotta (te werkennen oan it mei foly omwikkele pakket).
Untfange jo nei jo melding noch hieltyd folders en wolle jo dat net?
Ha jo in melding makke by de FRL groep of Spotta en krije jo noch hieltyd reklamefolders? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Dat kin fia ús kontaktformulier.
Reklamepost dêr’t jo namme op stiet (adressearre reklamepost)
De gemeente kin hjir neat tsjin dwaan. Wolle jo jo hjirfoar ôfmelde? Dat kin fia de webside fan postfilter.