Temjittekomming medysk ôffal
Ha jo in soad swier ôffal troch in sykte of handicap? Freegje dan in temjittekomming oan foar in diel fan jo ôffalstoffeheffing. Swier medysk ôffal is bygelyks ynkontininsjemateriaal, stomamateriaal, dialyzemateriaal of fochtsekken of ynfússekken. It giet bygelyks net oer medisinen, ynjeksjenullen of ferpakkingen fan medyske fieding. Jo kinne per húshâlden maksimaal ien oanfraach yntsjinje.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Doanload it Oanfraachformulier kompensaasjeregeling medysk ôffal en folje yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wa kin temjittekomming oanfreegje?
- Ynwenners fan de gemeente Ljouwert.
- As jo ûnûntkomber medysk ôffal hawwe. Bygelyks om’t jo in stoma hawwe, oan thúsdialyse dogge, groanyske wûnefersoarging nedich hawwe of ynkontininsjemateriaal brûke.
- Wannear’t jo net yn in (soarch)ynstelling wenje.
Fuortsmytruften sûnder medyske yndikaasje
Dizze temjittekomming is net bedoeld foar âlden fan bern dy’t fuortsmytruften (sûnder medyske yndikaasje) brûke.
Gjin ferklearring fan in dokter nedich
In medyske ferklearring fia in dokter is net nedich. Jo moatte wol sjen litte kinne dat jo medyske materialen brûke. Bygelyks fia in pakbon of in oersicht fan de soarchfersekerder.
Oant wannear oanfreegje?
Dat kin it hiele jier.
Wolle jo de temjittekomming ûntfange oer it rinnende jier?
Freegje it dan foar 1 desimber oan.
Wannear krije jo berjocht?
Wy dogge ús bêst om binnen 8 wike te reagearjen. Fanwegen de grutte drokte kin it langer duorje.
Sadree’t jo oanfraach goedkard is, giet de temjittekomming yn mei yngong fan 1 jannewaris fan it rinnende jier. Dus mei weromwurkjende krêft.
Hoefolle is de temjittekomming?
De gemeente fergoedet de helte fan it fariabele diel fan jo ôffalstoffeheffing. Jo oanfraach moat dan earst wol goedkard wêze.
De temjittekomming wurdt automatysk op jo oanslach ferrekkene.
Moatte jo alle jierren opnij temjittekomming oanfreegje?
Nee, dat hoecht net. As jo oanfraach goedkard is, dan ûntfange jo de temjittekomming oant jo dy sels stopsette.
Untfange jo kompensaasje en feroaret jo situaasje?
Bygelyks om’t jo (hast) gjin medysk ôffal mear hawwe? Dan ferwachtsje wy dat jo dit oan de gemeente trochjouwe. De gemeente docht stekproeven om te sjen oft tawiisde kompensaasjeregelingen noch rjochtmjittich binne.
Hoe de temjittekomming stopsette?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.