Bêd en Brochje
Bêd en Brochje is it tsjin betelling oanbieden fan in tydlik sliepplak en moarnsbrochje yn in wenning. Wolle jo in Bêd en Brochje begjinne of hawwe jo al in Bêd en Brochje (sûnder omjouwingsfergunning), dan moatte jo foldwaan oan in tal betingsten.
Betingsten foar in Bêd en Brochje
Foar it hâlden fan in Bêd en Brochje hawwe jo in omjouwingsfergunning nedich. Hjirby moatte jo oan de folgjende betingsten foldwaan:
- Maksimaal 30% fan it folsleine mienskiplike oerflak begeane grûn fan de wenning (ynklusyf de oan- en útbouwen en bygebouwen) oant op syn meast 50 m2, mei ynrjochte wurde foar de foarsjenning.
- Maksimaal 4 sliepplakken yn op syn meast 2 fan inoar ôfskieden romten meie brûkt wurde foar nachtlik ferbliuw.
- De eksploitant is haadbewenner en moat der echt wenje.
- De keamers meitsje diel út fan it haadgebou, fan in dêr ûnderdiel fan útmeitsjende oan- of útbou en/of wurde yn in frijsteand gebou realisearre.
- Yn gefal fan it gebrûk fan in frijsteand bygebou fan in Bêd en Brochje:
a) moat it frijsteande bygebou foldwaan oan de yn it Beslút bouwurken leefomjouwing stelde easken;
b) moat it oerflak fan it bouperseel op syn minst 750 m² grut wêze of yn gefal fan de bestimming ‘Mingd’, ‘Sintrum’ of ‘Sintrumgebiet’ moat it oerflak fan it bouperseel fan in grûnbûn wenhûs op syn minst 500 m² grut wêze;
c) moat de romte dy’t yn it frijsteande bygebou brûkt wurdt foar Bêd en Brochje op syn minst 25 m² per romte bedrage;
d) moat it frijsteande bygebou op syn minst 1 meter út de sidelingse- en efterperseelsgrins situearre wêze;
e) jildt it stelde ûnder lid a, b, c, d, f, g, h en i ûnfermindere; - Reklame yn de foarm fan 1 namme-oantsjutting of logo mei in lingte fan net mear as 1 meter ha en in oerflak fan net mear as 0.50 m2 yn de foarm fan net útstekkende gevelreklame; dy reklame mei net ferljochte wêze.
- De aktiviteit mei net liede ta parkear- en ferkearsoerlêst.
- De aktiviteit mei net liede ta hinder of oerlêst foar it wenmiljeu.
- By de beoardieling fan de mjitte fan oerlêst moatte sawol it wenningtype as it karakter fan de buert of de wyk meinommen wurde.
- Der moat foldwaande berchromte oerbliuwe yn of by de wenning.
Fragen of help nedich?
Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde. It oanfraachformulier dat brûkt wurde moat om de fergunning oan te freegjen yn it Omjouwingsloket is: ‘Ofwike fan regels yn it omjouwingsplan – Oanfraach fergunning (Gemeente)’.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Beliedsregel Bêd en Brochje Ljouwert 2019